Springe nei ynhâld

Regino fan Prüm

Ut Wikipedy
Ofbyld fan Regino fan Prüm yn Académie des sciences et des arts, livre II, s.121

Regino fan Prüm (Altrip, om 840/50 - Trier, 915) wie abt, kronykskriuwer en muzykteoretikus. Tusken 892 en 899 wie Regino de sânde abt fan de abdij fan Prüm. By it ynfallen fan de Noarmannen yn 892 wie er yn it benediktynske kleaster fan Prüm dêr't er yn itselde jier abt fan waard. Dêr joech er de beroaide en skeinde prins Hugo, soan fan kening Lotarius II, de tonsuer, learde út de earste hân oer de Loataryske opstân en skreau dêr oer yn syn kronyk. Dy beneaming ta abt noaske twa pleatslike hearen net, dy't harren broer, Richer op Regino's plak hawwe wold hiene. Op harren oanstean ferliet Regino Prüm en socht stipe by Ratbod, aartsbiskop fan Trier (883-915), dy't him yn 899 yn it Sint Martinuskleaster fan dy stêd as oerste oanstelde.

Anno 885 skreau Regino de Kronyk fan de dieden fan de Frankyske keningen.[1]

Yn Trier skreau Regino tusken 900 en 908 trije wurken. Syn geskriften hawwe in ferskillend karakter. Syn De re harmonica institutione hat belang op it mêd fan de tsjerklike muzykskiednis, it Chronicon (de earste wrâldkronyk fan Dútske boaim) beskriuwt it wrâldbarren fan Kristus' berte ôf oant en mei 906, wylst syn Libri duo de synodalibus causis et disciplinis ecclesiasticis in wichtige boarne is foar tsjerkwettelike en gerjochtlike gearkomsten of synoaden yn it Dútske Ryk[2].

Hy stelde musica naturalis (muzyk fan de sfearen, de siel en de stim) foar musica artificialis, ynstrumintale muzyk, oer.

De wrâldkronyk fan Regino fan Prüm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regino fan Prüm skreau yn 907 yn Trier syn Chronicon, in wrâldkronyk fan de berte fan Kristus oant it jier 906. Oant 814 brûkte er it wurk fan âldere kronykskriuwers lykas Beda Venerabilis en Paulus Diakonus. Tusken 814 en 870 linet er op ûnwisse oerlevering. Dêrnei makket er gebrûk fan eigen waarnimming. Nei 906 waard it Chronicon oant 967 fuortset troch Adalbert fan Maagdenburg[3].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. l.v.d.Tuuk (2015), Vikingen, Omniboek, Utert, 2017, s. 211
  2. W. Hartmann (ed.), Das Sendhandbuch des Regino von Prüm Reginonis Prumiensis libri duo de synodalibus causis et disciplinis ecclesiasticis, Darmstadt, 2004 (Dútkse oersetting)
  3. (in) S. MacLean, History and Politics in Late Carolingian and Ottonian Europe. The Chronicle of Regino of Prüm and Adalbert of Magdeburg, Manchester, 2009 (Ingelske fertaling fan de kronyk fan Regino fan Prüm)