Springe nei ynhâld

Readkopein

Ut Wikipedy
readkopein

jerk

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollings (Aythya)
soarte
Mareca americana
Eyton, 1838
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     trekfûgel
     wintergast


De readkopein of Amerikaanske karein (Aythya americana) is in fûgelsoarte fan it skaai jollings út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). Readkopeinen libje yn Noard-Amearika en hawwe in soad fan 'e Europeeske kareinen en de yn Noard-Amearika briedende grutte karein.

De 40 oant 56 sm lange Amerikaanske karein hat in spanwiidte fan 74 oant 84 sm en liket in soad op 'e gewoane karein (Aythya ferina). It is in dûkein, dy't spesjalisearre is yn it ûnderwetter foerazjearjen. Harren poaten sitte fierder efter it bealchje, dat it rinnen op lân dreech makket.

Jerkje en wyfke.

Yn 'e briedtiid ha de jerken in koperkleurige kop en nekke en in swart boarst. De rêch en siden binne griis, de búk is wyt en de romp en sturt binne swart. De snaffels fan jerken binne blaugriis mei in swarte punt en in smelle ring tusken de twa kleuren. Bûten de briedtiid ferlieze de jerken de koperkleur en se ha dan brune koppen. De eagen binne giel, ien fan'e meast opfallende ferskillen mei de grutte karein en gewoane karein, dy't reade irissen ha.

Folwoeksen wyfkes ha in brune kop en nekke. It boarst is brún, de búk is wyt en de rest fan it bealchje is griis oant brún. De snaffels fan wyfkes binne laaistienkleurich mei in swarte punt en tusken dy kleuren in blauwe ring. Wyfkes hâlde it hiele jier troch deselde kleur. Harren eagen binne brún lykas yn alle oare soarten fan it skaai jollings.

De Amerikaanske karein hat in rûne kop as de grutte karein en is ek lytser. De readkopein is in dûkein, mar hy grondelt mear as oare dûkeinen.

Yn 'e briedtiid hat de fûgel in grut ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika oant it noarden fan Kanada. Winterdeis komt de fûgel oant yn it suden op 'e Kariben foar. Se ha in foarkar foar gebieten tusken de berchtmes fan Britsk Kolumbia, Alberta, Saskatchewan, Manitoba en de Dakota's mei guon gebieten yn Ontario, Quebec en it suden fan 'e Feriene Steaten. Se sykje waarmere gebieten om te oerwinterjen, lykas it suden fan 'e Feriene Steaten oant Meksiko, Gûatemala, Kuba en de Bahama's. Sawol yn 'e briedgebieten as de wintergebieten foarmje wiete gebieten harren biotoop.

It ideale biotoop foar de fûgel foarmje sompen dêr't it wetter djip genôch is om foar begroeiing te soargjen dy't oant de opperflakte groeie kin . Winterdeis trekke de fûgels nei kustgebieten dy't goed beskerme binne tsjin weagen, mar se binne ek op sletten seeën, rivierdelta's, marren, estuaria, baaien en sompen te finen.

Fuortplanting en iten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wyfke mei piken.

Opfallend is it briedparasitisme by minder betûfte wyfkes fan readkopeinen. Se lizze nochal ris harren aaien yn 'e nêsten fan oare jollings, somtiden ek fan oare soarten einen. Hiel faak siket de readkopein foar dat doel in nêst út fan 'e grutte karein (Aythya valisineria). De measte nêsten fan dy soarte hawwe altiten wol ien aai fan 'e readkopein. In diel fan 'e readkopeinen leit de aaien yn it eigen nêst, in oar diel hat in eigen lechsel, mar lizze ek aaien yn oare nêsten en in diel briedt sels hielendal net en leit alle aaien yn oare nêsten.

De readkopein yt fral planten en lytse wetterdierkes.

De populaasje fan 'e fûgel is tanommen oant 1.200.000 folwoeksen fûgels en nimt ta (sifers: 2018/2020). De Amerikaanske karein wurdt op 'e Reade list troch de IUCN dêrfandinne as net bedrige klassifisearre.

Ofbylden ferskil readkopein/karein/grutte karein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jerk ♂ Wyfke ♀ Namme
readkopein
karein
grutte karein

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rotkopfente