Ramallah
Ramallah رام الله | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Palestina | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 38.998 (2017) | |
Oerflak | 16,3 km² | |
Befolkingsticht. | 2.400 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 16e iuw | |
Tiidsône | UTC +2 | |
Koördinaten | 31° 53' N 35° 12' E | |
Wyk fan Ramallah | ||
Offisjele webside | ||
www.ramallah.ps | ||
Kaart | ||
Ramallah, ek wol Ramalla (Arabysk foar 'hichte fan God'), is in Palestynske stêd yn it Westjordaanlân. It plak leit sa'n 15 kilometer noardwestlik fan Jeruzalim. Seis kilometer besuden Ramallah leit de Palestynske stêd Abu Qash.
Ramallah wie oarspronklik in kristlike stêd, mar no is in grutste part fan de befolking moslim, mei noch wol in sterke kristenminderheid.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de omkriten fan Ramallah is mitselwurk fûn út de tiid fan kening Herodes de Grutte.
Ramallah waard stifte yn it midden fan de sechstjinde iuw troch Ghassaniden, in stamme kristlike Arabieren. It gebiet wie sûnt 1517 part fan it Osmaanske Ryk. Yn 1596 wennen der, neffens Osmaanske belestingsdokuminten 71 kristlike en 9 moslimhûshâldings.
It bleau foar in lange tiid in kristlik, benammen Gryksk-otterdoks, doarp. Ramallah woeks yn de santjinde en achttjinde iuw as in lânboudoarp, dêr't in soad lju fan de omkriten, benammen kristenen, hinne lutsen. Yn de njoggentjinde iuw waard der oer it plak beskreaun dat it doarp op in berchrêch boud wie, mei yn it westen in útsicht op de see. It doarp lei tusken tunen en oliifbeammen. Yn it midden fan it doarp stie de Gryksk-otterdokse tsjerke en yn it easten in Roomsk-katolyk ("Latynsk") kleaster en in protestantske skoalle. In fearns part fan de befolking wie katolyk wylst de rest Gryksk-otterdoks wie.
Ramallah waard yn 1908 ofisjeel as in stêd ferklearre.
Yn desimber 1917, yn de Earste Wrâldkriich, waard Ramallah troch Britske troepen beset. Britske troepen bleaune dêr oant it oprjochtsjen fan it Britske Mandaatgebiet Palestina yn 1920. Dêrnei buorke de ekonomy fan de stêd foarút dat der ta late dat de Arabyske hegere klasse, dy't út lâneigners en hannelers bestie, ferskate filla's bouwe lieten, dy't hjoed-de-dei noch besteane. Yn 1939 kaam de elektrisiteit nei Ramallah.
Yn 1936 brutsen der yn Palestina lykwols Arabyske opstannen út tsjin it Britsk mandaat, dêr't Ramallah it sintrum fan waard. De opstannelingen rjochten in rjochthôf yn Ramallah op om wetlike alternativen as it Britsk mandaat oan te bieden. Yn augustus 1939 waard dy opstân delslein.
Yn 1948 soe it mandaat ôfrinne en yn 1947 en waard troch de Feriene Naasjes Resolúsje 181 oannommen dy't it Mandaatgebiet Palestina yn in Joadske steat en in Arabyske steat ferpartsje soe. De Arabieren fersmieten de plannen, dêr't Sionistyske Joaden nei iensidich de Israelyske ûnôfhinklikens útropten. Dat late ta it útbrekken fan de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948, dêr't Transjordaanje it Westjordaanlân, en dus Ramallah, by besette. Transjordaanje feroare syn namme doe yn Jordaanje.
Yn de snuorje fan de Jordaanske besetting fan 1948 oant 1967 wie it relatyf freedsum yn it Westjordaanlân, dêr't de bewenners bewegingsfrijheid tusken it Westjordaanlân, Jordaanje, Libanon en Syrje by krigen. De boargers fan it Westjordaanlân waarden automatysk Jordaanske steatsboargers. Yn 1953 wie de befolking fan Ramallah ferdûbele, benammen mei Palestynske flechtlingen út Israel wei. Dêrby naam it oandiel moslims neffens kristenen fan de befolking ta. De ekonomy en ynfrastruktuer koe it kommen fan al dy nijkommers net beneikomme. In soad oarspronklike ynwenners fan Ramallah emigrearren, benammen nei de Feriene Steaten. Yn 1956 wiene al in fearns part fan de 6.000 oarspronklike ynwenners fan Ramallah ferfearn. Arabieren fan omlizzende doarpen en plakken, benammen út Hebron wei, kochten de hûzen en lân dy't de emigranten efterlitten hiene.
Yn de Seisdagekriich yn 1967 oermastere Israel Ramallah en de rest fan it Westjordaanlân fan Jordaanje. Hja stelden in militêr bestjoer oan en holden pear wike neitiids in sensus. Eltse persoan dy't yn de sensus registrearre waard, krige in Israelysk identikikaasjebewiis, dy't de drager dêrfan tastimming joech om dêr te wenjen. Dyjingen dy't, doe't de sensus útfierd waard, yn it bûtenlân wiene, ferlearen harren bewennersrjochten. De sitewaasje waard feroare, want ynwenners fan Ramallah hiene fan doe ôf de frijheid om te bewegen yn Israel en de Gazastripe en koene harren saken dêr dwaan. Ta tsjinstelling fan Jordaanje bea Israel de bewenners fan it Westjordaanlân gjin boargerskip oan. Ynwenners fan Ramallah krigen dêrfoaroer in wurkfergunning om te wurkjen yn Israel.
De Israelyske oerheid sette útein mei it bouwen fan Joadske delsettings om Ramallah hinne, lykas Beit-El en Psagot. Dat behindere fierdere stedsútwreiding fan Ramallah en snie it ôf fan omlizzende Arabyske doarpen. Doe't de tsjinstân dêrfoar grutter waard, waarden ynwenners fan Ramallah dy't lid fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) wiene oppakt of nei oanbuorjende lannen ferballe. Yn desimber 1987 bruts in grutte rebûlje, dy't bekend as de Palestynske Intifada kaam te stean, tsjin de Israelyske besetting út.
Neffens de Oslo-akkoarten tusken Israel en de PLO soe de stêd yn de fan de Palestynske Autoriteit bestjoerde A-gebieten komme te lizzen. Ein 1995 waard it bestjoer fan de stêd troch Israel oerdroegen oan de Palestynske Autoriteit (PA). De PA hat yn Ramallah syn haadkertier, sa as it presidintsterrein, de Mukataa, en de Palestynske Wetjouwende Ried, it Palestynske parlemint. Op de Mukata leit ek it grêf fan Yasser Arafat. Neist dat yn Ramallah hat de PA ek in bestjoerssintrum yn Gaza-stêd.
De Israelyske barriêre dy't Israel bout skiedet Ramallah fan Jeruzalem, dêr't de ekonomy en befolking fanâlds sterke bannen hat.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ramallah hat in mediterraan klimaat mei waarme drûge simmers en mylde reineftige winters en bytiden wol der wolris snie falle. De trochsneed delslach is likernôch 615 mm.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ramallah wurdt sjoen as ien fan de meast kulturele, woltierige en liberale stêden fan Palestina. Der is in grut tal oan populêre Palestynske aktivisten, dichters, artysten en muzikanten. It hat in waber nachtlibben, mei in soad bars, diskoteken en restaurants lykas de Stars and Bucks Cafe, dêr't de namme in wurdboarterij fan de ferneamde Amerikaanske keatling Starbucks fan is.
Fan de befolking fan Ramallah is hjoed-de-dei likernôch 25% kristlik.
Religieuze ynstitúsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jamal Abdel Nasser-moskee is ien fan de grutsten yn de stêd.
- Transformaasjetsjerke fan Ramallah, de Gryksk-otterdokse tsjerke fan Ramallah.
- Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke fan Ramallah
- Evangelysk-lutherske tsjerke
- Arabyske Episkopaalske (Anglikaanske) tsjerke
- Pleatslike evangelyske tsjerke fan Ramallah
- Baptistetsjerke fan Ramallah
- Kotysk-otterdokse Tsjerke, dy't boud is boppe op ien fan de heechste heuvels yn Ramallah.
-
In Koptyske tsjerke yn Ramallah.
-
In yngong fan ien fan de tsjerken yn Ramallah.
-
In âlde kristlike tsjerke yn Ramallah.
-
In moskee yn Ramallah.
Berne yn Ramallah
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hanan Ashrawi (8 oktober 1946), politika en taalkundige
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bordeaux, Frankryk
- Hounslow, Feriene Keninkryk
- Jehannesburch, Súd-Afrika
- Luik, Belgje
- Muscatine, Feriene Steaten
- Oxford, Feriene Keninkryk
- Sur, Turkije
- Trondheim, Noarwegen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dize side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige wikipediaside; sjoch nei de bewurkingsskiednis op en:Ramallah |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ramallah fan Wikimedia Commons. |