Springe nei ynhâld

Racefyts

Ut Wikipedy
Racefyts
thumb

In racefyts is in fyts dy't spesjaal foar hurdfytsen brûkt wurdt. De fytst is dêrfoar sa optimaal mooglik konstruearre yn ferbân mei de loftwjerstân en it gewicht dy't sa leech mooglik hâlden wurdt en binnen de rjochtlinen fan de UCI (Ynternasjonale Hurdfytsuny)

De Ynternasjonale Hurdfytsuny hat fêstlein hoe't in racefyts derút sjen moat. Rjochtlinen waarden needsaaklik doe't yn de jierren tritich fan de 20e iuw de earste snelle fytsen ferskynden mei tafoegings oan de fyts om de streamline ferbettert te krijen. Dat waard doe ferbean. Yn 1984 ferbettere Francesco Moser it oerrekord fan Eddy Merckx. Hy die dat op in, foar dy tiid, revolúsjonêre fyts mei dichte tsjillen en oksekopstjoer. De dichte tsjillen hawwe lange tiid ûnderwerp fan debat west. Hja waarden earst tastien, omdat it net om in tafoeging gie, mar om in oare konstruksje (lyme kunststofplaat) dy't de tsjillen aerodynamysk meitsje. Nei de, suksesfolle rekordsbesykingen fan Chris Boardman en Graeme Obree na 1992 waard de diskusje op 'e fierd, mei as gefoch dat yn 2000 alle rekords fan 1984 ôf mei weromwurkjende krêft ûnjildich ferklearre waarden. aard. Sûnttiid moatte alle oerrekords op "klassike" fytsen dien wurde en binne tichte tsjillen ferbean. Lykwols binne by tiidritten op de wei de dichte tsjillen noch wol tastien. It gewicht fan in racefyts moat neffens de regleminten minimaal 6,8 kg bedrage.


Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.