Springe nei ynhâld

Promised Land Festival

Ut Wikipedy
Promised Land Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn De Griene Stjer
tiid fan it jier juny
bysûnderheden
oare namme Promised Land
soarte evenemint muzykfestival
sjenre dancemuzyk
bestean 2014 – no
offisjele webside
www.promisedlandfestival.com

It Promised Land Festival, ornaris ôfkoarte ta Promised Land, is in muzykfestival dat elts jier yn juny holden wurdt yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1] De Ingelske namme betsjut letterlik "it Unthjitten Lân". Dat is fan oarsprong in bibelsk begryp, dat ferwiisde nei it lân Kanaän (no Israel en Palestina). It muzykfestival hat lykwols neat mei de Bibel of it kristendom te krijen en brûkt de term yn mear oerdrachtlike sin.

Promised Land waard foar it earst organisearre yn 2014.[2][3] It wie fan oarsprong in twadeisk dancefestival dat holden waard op in sneon en in snein yn begjin of mids juny. Foar de fyfde edysje, yn 2018, gie it eigentlike Promised Land lykwols werom fan twa dagen nei ien dei (de sneon). Foar de ferlerne snein yn 't plak kamen lykwols trije oare dagen: op tongersdei in "buorljudei" foar omwenjenden; op freed Groene Ster Open Air mei Ingelsktalige popmuzyk, en op snein Helemaal Hollandsch mei Nederlânsktalige popmuzyk.[3]

It idee efter dy feroarings wie om in breder en mingder publyk te lûken, en dêrmei it fuortbestean fan Promised Land te bewissigjen. De organisaasje hie nammentlik de foargeande jierren opmurken dat mar in bytsje besikers twa dagen bleaune; de measten kamen òf de sneons, òf de sneins, ôfhinklik fan harren foarkar foar de artysten dy't op dy dagen optreden.[3] It haad fan 'e organisaasje fan Promised Land, Bobby Veenstra, spriek foarôfgeande oan 'e edysje fan 2018 yn 'e Ljouwerter Krante de hope út dat der ferspraat oer de fjouwer dagen 20.000 besikers op it festival ôfkomme soene.[3]

Yn 2018 waarden ek foar it earst tagongskaartsjes ferkocht oan minderjierrigen, benammen om't guon fan 'e grutste artysten dy't op 'e sneon optreden, lykas Jebroer en Kraantje Pappie, in jonger publyk loeken.[3] Op de grutste namme dy't yn 2018 op it program stie, De Jeugd van Tegenwoordig, kamen nettsjinsteande de namme fral tritigers ôf, neffens de organisaasje fan it festival.[3]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje oer Promised Land op FestivalFans.nl.
  2. Ynformaasje oer Promised Land op PartyFlock.nl.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 Vloeimans, Noor, Promised Land wil gemengder publiek, yn: de Ljouwerter Krante, 7 juny 2018, s. 34.