Podolsk
Podolsk | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Moskou |
Sifers | |
Ynwennertal | 309.652 (2022) |
Oerflak | 40,39 km² |
Befolkingstichtens | 7.666,55 ynw./km² |
Hichte | 160 m |
Oar | |
Stifting | 1627, stedstatus 1781 |
Tiidsône | (UTC+3) |
Koördinaten | 55° 25' N 37° 32' E |
Webside | Side stêd |
Podolsk (Russysk: Подольск) is in Russyske yndustrystêd yn it bestjoerlik sintrum fan it rajon Podolsk yn de oblast Moskou. De stêd leit oan de rivier de Pachra en is de grutste stêd yn de oblast Moskou.
De stêd ûntjoech him út it doarp Podol, dat yn de 18e iuw oan het Danilovkleaster yn Moskou hearde. Podolsk krige stedsrjochten yn 1791 fan Katarina de Grutte. Foar de Russyske Revolúsje hearde Podolsk ta de meast yndustrialisearre stêden fan Ruslân. De stêd hie ûnder oaren in Singerfabryk, dêr't naaimasines makke waarden. Der wienen doe goed 70 fabriken yn de stêd.
De famylje Uljanov sloech dêr lang foar master op. Vladimir Lenin besocht de stêd in tal kearen en hie dêr in lyts bûten. Yn 1900 organisearre er in gearkomst yn Podolsk mei sosjaaldemokraten út Moskou en oare stêden om har stipe te winnen foar syn krante Iskra.
Yn 2000 waard in wichtige militêre basis opset yn Podolsk.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ynwennertal[1] |
---|---|
1897 | 3.800 |
1926 | 19.700 |
1939 | 72.000 |
1956 | 113.000 |
1967 | 163.000 |
1976 | 194.000 |
1982 | 206.000 |
1989 | 209.200 |
1996 | 199.700 |
2000 | 194.300 |
2010 | 206.000 |
2016 | 293.765"* |
2005 | 309.652 |
- Nei in weryndieling yn 2015 naam de stêd wat ynwennertal oanbelanget foars ta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|