Springe nei ynhâld

Petrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)

Ut Wikipedy
Petrus- en Pauluskatedraal
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tomsk
plak Tomsk
adres Аltaiskaja Ulitsa 47
koördinaten 56° 28' N 84° 58' E
Arsjitektuer
arsjitekt Andrei Ivanovitsj Langer
boujier 1909-1911
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
monumintale status Monumint fan Stêdebou en Arsjitektuer
monumintnûmer 721410019460005
Webside
Side fan 'e katedraal
Kaart
Petrus- en Pauluskatedraal (Ruslân)
Petrus- en Pauluskatedraal

De Petrus- en Pauluskatedraal (Russysk: Петропавловский собор; Petropavlovski Sobor) is in oan 'e apostels Petrus en Paulus wijde otterdokse tsjerke yn 'e Sibearyske stêd Tomsk, Ruslân.

De katedraal waard boud op in heuvel mei útsjoch op 'e rivier de Usjaika. Dat plak waard sûnt de 17e iuw de 'Heuvel fan Mûchi' neamd, nei in ta ynkear kommen bandyt, dy't om 'e iuwwikseling fan 'e 17e nei de 18e iuw de bosken dêr ûnfeilich makke. Foar de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal stie dêr in houten kapel.

Ynterieur

De katedraal waard oan it begjin fan 'e 20e iuw yn 'e Russyske neobyzantynske styl boud neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Andrei Langer. It oan 'e hillige apostels Petrus en Paulus wijde haadalter waard yn 1911 ynwijd. De súdlike apsis waard oan Jehannes de Doper wijd en de noardlike oan 'e Berte fan 'e Mem Gods.

Sûnt 1938 wiene de tsjerklike aktiviteiten yn 'e tsjerke troch de kommunistyske autoriteiten ferbean. De eardere tsjerke waard yn 1940 in opslachplak foar in stokerij. De tsjerke waard yn 1944 of 1945 op 'e nij iepene foar de earetsjinst. Mei de âldleauwige Trije-ienheidstsjerke wie de Petrus- en Paulustsjerke fan 1950 oant 1990 de iennige iepen otterdokse tsjerke fan Tomsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Петропавловский собор (Томск)