Springe nei ynhâld

Pan Books

Ut Wikipedy
Pan Books
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1944
oprjochter Alan Bott
eigner Verlagsgruppe Georg von
   Holtzbrinck GmbH
mem Macmillan Publishers
offisjele webside
www.macmillan.com

Pan Books is in Britske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1944 en dy't fêstige is yn Londen. It bedriuw waard yn 1987 oernommen troch Macmillan Publishers en kaam as ûnderdiel dêrfan yn 1999 folslein yn 'e hannen fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Pan Books, dat neamd is nei de Grykske god Pan, waard yn 1944 as in selsstannige útjouwerij oprjochte troch útjouwer Alan Bott, dy't earder namme makke hie as piloat yn 'e Earste Wrâldoarloch. In pear jier nei de oprjochting fan it bedriuw waard it oernommen troch in konsortium fan ferskate fêstige útjouwerijen, wêrûnder Macmillan, Collins, Heinemann en, foar koarte tiid, Hodder & Stoughton. Yn 1987 kocht Macmillan de oare leden fan it konsortium út, sadat Pan Books doe in ymprint fan Macmillan waard. Yn 1999 kaam it as ûnderdiel fan Macmillan folslein yn it besit fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Pan Books hat him altyd talein op it publisearjen fan goedkeape paperbacks, sawol op it mêd fan non-fiksje as op dat fan fiksje (wêrûnder in protte misdieromans, mar ek werprintings fan literêre klassiken). Sa brocht Pan û.m. de oarspronklike útjeften op 'e merk fan 'e James Bond-rige fan Ian Fleming en de The Saint-rige fan Leslie Charteris. Fierders ferskynden der by Pan klassiken fan Georgette Heyer, Jane Austen, Charles Dickens en John Steinbeck. Tsjintwurdich wurdt ûnder de Pan Books-ymprint bgl. wurk fan David Baldacci en Jackie Collins útjûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.