Noardlike Dvina
De Noardlike Dvina (Russysk: Северная Двина, Severnaja Dvina) is in rivier yn it noarden fan Jeropeesk Ruslân mei in langte fan 1.302 km (metten fan de boarne fan syn langste sydrivier ôf, de Sûchona) en in streamgebiet fan 357.052 km².
De rivier kriget syn namme by it plak Veliki Ustjûg yn it noardeasten fan it oblast Vologda: dêr komme de Sûchona en de Jûg byelkoar. Fan dat punt ôf oan rint de rivier noch 744 km fierder en hjit er de Lytse Dvina.
By Kotlas, yn it súdeasten fan it oblast Archangelsk komt de Vytsjegda derby en ferdûbelt de mannichte wetter dy't de rivier ôffiert, no as Grutte Noardlike Dvina. De machtige rivier stroomt fan dêr ôf yn noardwestlike rjochting oant krekt foarby de havenstêd Archangelsk, dêr't er in delta foarmet en útmûnet yn de Wite See (Dvinabaai).
De Dvina mei sydrivieren (dêr't de Vytsjegda, de Vaga en de Pinega de grutste fan binne) wurde foar goed 70% troch reinwetter fuorre. De oblasten Archangelsk en Vologda (foar it grutste part), de helte fan de republyk Komi en in lyts part fan it oblast Kirov wetterje ôf oer de streamkrite fan de Dvina.
Veliki Ustjûg, Kotlas en Archangelsk binne de wichtichste plakken oan de rivier. De hiele Noardlike Dvina is befarber, mar is wol de helte fan it jier beferzen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Noardlike Dvina fan Wikimedia Commons. |