Springe nei ynhâld

Nakskov

Ut Wikipedy
Nakskov
Tolderensstræde
Tolderensstræde
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Seelân
Gemeente Guldborgsund
Sifers
Ynwennertal plak: 12.456 (2023)
gemeente: 39.921(2023)
Oerflak gemeente: 891,92 km²
Oar
Postkoade 4900
Tiidsône UTC+1
Koördinaten 54° 49'N 11° 8'E
Offisjele webside
www.lolland.dk
Kaart
Nakskov (Lolland)
Nakskov

Nakskov is it grutste plak op it Deenske eilân Lolland. It plak is ek it bestjoerlike sintrum fan 'e gemeente Lolland. De stêd leit oan it fjord fan Nakskov, dat in natoerreservaat is.

It is net bekend wannear Nakskov stifte waard. Yn it jier 1266 krige Nakskov stedsrjochten. De lokaasje oan it ein fan in fjord wie foar it oanlizzen fan in haven tige geunstich. De rike hjerringstân yn 'e Langeland Belt brocht de stêd wat wolstân.

Oan it begjin fan 'e 16e iuw stifte de Deenske kening op it eilân Slotø yn it fjord fan Nakskov de earste marinewerf fan Denemark, dy't ek as fêsting de stêd beskerming bea tsjin fijannen. Yn 'e Deensk-Sweedske kriich holp de stêd Lübeck Sweden en yn 1510 waard de stêd troch de troepen fan Lübeck plondere. Yn dy tiid hearde Nakskov ta de grutste Deenske stêden.

Nakskov yn 'e 17e iuw

De 17e-iuwske oarloggen mei Sweden laten yn 1659 ta in belis en it besjittten fan 'e stêd troch de Sweedske float, dat meardere moannen duorre. Dêrnei ferlear Nakskov jimmeroan mear oan betsjutting. It bleau foar de ekonomy fan Lolland ien fan 'e grutste útfierhavens, mar yn ferlikening mei oare Deenske stêden spile de hannel en letter de yndustry mar in lytse rol.

Yn 1916 waard in skipswerf troch Hans Niels Andersen oprjochte. De werf waard yn 'e jierren dêrnei de grutste wurkjouwer fan 'e stêd. Tusken 1920 en 1987 waarden mear as 200 skippen yn Nakskov boud. In soad dêrfan wiene foar de werfeigner Det Østasiatiske Kompagni, lykas it seilskoalleskip Danmark.

Oant en mei 2006 wie Nakskov in selsstannige gemeente mei in oerflak fan 32,67 km² en 14.749 ynwenners. By de weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2007 waard Nakskov tegearre mei Holeby, Højreby, Maribo, Ravnsborg, Rudbjerg en Rødby gearfoege ta de gemeente Lolland.

Wjukken foar wynturbines yn Nakskov

Sûnt it sluten fan 'e werf wurde op de eardere werf wjukken foar wynturbines produsearre. Ek it sûkerfabryk is foar belang fan de ekonomy. De haven tsjinnet foar de útfier fan lânbouprodukten en is net foar hiele grutte skippen tagonklik. Lykas yn oare havenstêden biedt de haven fan Nakskov in soad romte foar jachten en toerisme spilet dan ek in jimmeroan gruttere rol yn 'e lokale ekonomy.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De 15e-iuwske, goatyske Sint-Nikolaastsjerke is it wichtichste monumint fan 'e stêd. Guon dielen datearje noch fan 'e foargonger út 'e 13e iuw.
  • Yn 'e histoaryske binnenstêd steane noch in pear 16e- oant 18e-iuwske hûzen.
  • Yn Nakskov leit ien fan 'e âldste joadske begraafplakken fan Denemark.

Tusken 1916 en 1986 wie de skipswerf Nakskov Skibsværft de grutste wurkjouwer op it eilân. Op it eilân wurde in soad sûkerbiten ferboud en der is fan alle fabriken noch ien sûkerbitefabryk oer, dy't yn Nakskov stiet. Fan beide sektoaren betinkt in museum dy ekonomyske aktiviteit:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en/of oare literatuer, sjoch: de:Nakskov.