Springe nei ynhâld

Milf

Ut Wikipedy

Milf is in fan oarsprong Ingelske sprektaalterm, oerwaaid út 'e Feriene Steaten, wêrmei't in seksueel oantreklike âldere frou oantsjut wurdt. It is in ôfkoarting foar it net bot fatsoenlike "mom I'd like to fuck", wat letterlik betsjut: "mem dy't ik wol neuke wolle soe". De oantsjutting wurdt benammen assosjearre mei teenagejonges dy't de tsjeppe mem fan in freon begeare, al is mem-wêzen net strikt needsaaklik foar in frou om dizze kwalifikaasje opplakt te krijen; de wichtichste kritearia binne kreazens en in âldens fan trochinoar tusken de 30 en 45 jier. Nettsjinsteande de fulgêre betsjutting is de ôfkoarting teminsten yn 'e jongereinkultuer alhiel ynboargere rekke. Milfs foarmje dêrnjonken ek in tankber ûnderwerp yn 'e hjoeddeiske pornografy.

De term waard foar it earst waarnommen op it ynternet yn 'e Feriene Steaten yn 'e njoggentiger jierren, en waard popularisearre troch spylfilm American Pie, út 1999, troch de aktrise Jennifer Coolidge yn har personaazje fan "Stifler's Mom".[1] It ferskynsel "milf" giet lykwols folle fierder tebek as de namme dy't derfoar optocht is, sa't oantoand wurdt troch it suver sprekwurdlik wurden personaazje "Mrs. Robinson", út 'e bekroande Amerikaanske spylfilm The Graduate út 1967, mei yn 'e haadrollen Dustin Hoffman en Anne Bancroft.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Taormino, Tristan, The Rise of MILFs and Mommies in Sexual-Fantasy Material (www.villagevoice.com).
  2. Ingman, Marrit, Of MILF and Men - The sexy-mom phenomenon—is it hot or not? (nymag.com).

Boarnen