Middensemityske talen
Middensemityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Midden-Easten, Noard-Afrika, Malta | |
tal talen | ±80 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | >318 miljoen (2018) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Middensemitysk | |
subgroepen | ● Arabyske talen ● Noardwestsemityske talen |
De Middensemityske talen foarmje in (net algemien akseptearre) taalgroep fan 'e Semityske talen. De taalkloft is foarsteld as in tuskengroep binnen de Westsemityske talen, dêr't de Arabyske talen en de Noardwestsemityske talen by ûnderbrocht wurde moatte soene. De Middensemityske talen soene dan yn 'e mande mei de Súdsemityske talen (de oare subgroep fan 'e Westsemityske talen) en de sterk ôfwikende Eastsemityske talen ien fan trije grutte taalgroepen binnen de Semityske talen foarmje. Bekende talen dy't ta de Middensemityske kloft hearre, binne it Arabysk, Hebriuwsk, Malteesk, Fenisysk, Arameesk, Syrysk en Oegaritysk.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skaaimerken dy't de Middensemityske talen ûnderskiede fan oare Semityske talen binne:
- in ferskowing yn 'e útspraak fan 'e mienskiplike Semityske (mei ekstra krêft útsprutsen) emfatyske konsonanten nei faryngale konsonanten (dy't foar yn 'e kiel útsprutsen wurde):
- de Proto-Semityske *ṭ [t’] en *ṣ [ʦ’] wurde bgl. yn it Arabysk en Nijarameesk útsprutsen as [tˁ], resp. [sˁ], yn tsjinstelling ta de Súdarabyske talen en Súdsemityske talen (lykas it Amhaarsk en it Tigrinja), dêr't se 'gewoan' emfatyske konsonanten bleaun binne.
- de Proto-Semityske emfatyske *ḳ [k’] is yn 'e Middensemityske talen in uvulêre plofklank [q] (in yn 'e kiel úsprutsen k) wurden.
- it foarkommen fan in ynnovative ûntkenningsmarkearring *bal, dy't fan ûnwisse oarsprong is.
- de generalisearring fan t as it efterheaksel foar de ferbûgings fan 'e doetiid, yn tsjinstelling ta in earder ûnderskie yn it Proto-Semitysk tusken *k foar de earste en *t foar de twadde persoan.
- in nij foarheaksel foar de ferbûging fan 'e notiid, fan 'e foarm ya-qtulu, dy't de út it Proto-Semitysk oerkrigen ya-qattal-foarm ferfong
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast akseptearre ûnderferdieling fan 'e Middensemityske talen is sa:
|
Guon taalkundige boarnen, lykas de taalwebside Ethnologue, hâlde lykwols ynstee fan in ferdieling yn Arabyske talen en Noardwestsemityske talen, in ferdieling oan yn 'Súdmiddensemityske talen' en Arameeske talen. Dêrby binne dan de Arabyske talen en de Kanaänityske talen (d.w.s Arabysk en Hebriuwsk) byinoar ûnderbrocht yn 'e Súdmiddensemityske talen.
It wichtichste ûnderskie tusken it Arabysk en de Noardwestsemityske talen is de oanwêzigens fan brutsen meartalsfoarmen yn it Arabysk. Dêrby feroaret de ynterne fokaalstruktuer fan it wurd en is dêrom gjin efterheaksel mear nedich, lykas by it Arabyske wurd بَيْت, bayt ("hûs"), wêrfan't de meartalsfoarm بُيُوت, buyūt ("huzen") is. De grutte mearderheid fan 'e Arabyske haadwurden foarmet op dy wize syn meartal, wylst frijwol alle haadwurden yn 'e Noardwestsemityske talen meartal foarmje troch it taheakjen fan in efterheaksel, lykas by it Hebriuwske wurd בַּיִת, bayit ("hûs"), dat yn it meartal בָּתִּים, bāttīm ("huzen") wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |