Springe nei ynhâld

Melilla

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Melilla
Mřič
Loftfoto fan Melilla
Loftfoto fan Melilla
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Spanje Spanje
Sifers
Ynwennertal 86.487 (2019)
Oerflak 13,4 km²
Befolkingsticht. 5.354 km²
Stêdekloft 6.454,3
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 35° 17' NB, 2° 57' WL
Offisjele webside
www.melilla.es
Kaart
Loftfoto fan Melilla
Lizzing fan Melilla yn Spanje

Melilla (Arabysk: مليلية Melillia, Riffynsk: Mřič of Mlilt) is in Spaanske enklave, garnizoenstêd en frijhaven oan 'e kust fan Noard-Afrika. De stêd leit oan de eastkant fan de Kaap fan de Trije Foarken (Spaansk: Cabo Tres Forcas, Arabysk: رأس الشوكات الثلاث Ras Tleta Madari), in rotsich skiereilân dat sa'n 40 kilometer lang is en omjûn is fan de Middellânske See. Op 14 maart 1995 krige Melilla de status fan Autonome Stêd (Ciudad Autònoma) fan Spanje, lykas de westliker lizzende kuststêd Ceuta. Dêrfoar wie Melilla part fan de Spaanske provinsje Málaga. De stêd leit oan de kust fan de Rif-regio, 10 kilometer noardlik fan de Marokkaanske stêd Nador. De stêd hat goed 86.000 ynwenners en troch syn geografyske lizzing en skiednis húsmannet in mjuks fan kristenen, moslims en Joaden dy't njonken inoar libje.

Op it plak fan Melilla lei yn de Aldheid de Punyske en Romeinske koloanje Rusadir. De namme komt fan RŠʾDR (Punysk: 𐤓‬𐤔𐤀𐤃𐤓‬) en betsjut sokssawat as "Krêftige" of "Hege Kaap" nei de tichteby lizzende lântonge. It kin ek opfette wurde as "Kaap fan de Krêftige", yn ferwizing nei Baäl, Tanit of in oare wichtige Punyske god. De namme is te ferlykjen mei oare Punyske nammen oan 'e Noardafrikaanske kust, lykas Rusguniae, Rusubbicari, Rusuccuru, Rusippisir, Rusigan (Rachgoun), Rusicade, Ruspina, Ruspe en Rsmlqr. De namme fan de delsetting waard hellenisearre as Rhyssádeiron (Gryksk: Ῥυσσάδειρον). Yn it Latyn komt it foar as Rusadir, Rusicada en Rusadder.

De namme Melilla is de Spaanske namme útsprutsen as /mɛˈliːjə/ of /məˈliːjə/ , likernôch me- of mə-lii-yə, dêr't it bylûd fan de Spaanske dûbel-l as "j" útsprutsen wurdt, lykas yn 'e measte Spaanske dialekten. De namme komt nei alle gedachten fan de Berberske woartel M·L (melil, itjinge "wyt" of "wite" betsjut). Dat waard sadwaande it Riffynske mlilet en it pleatslike Mrič (likernôch: Mritsj), dêr't de /l/ ta [r] en /lt/ ta [č] by feroare.

Aldheid en midsiuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan Melilla giet werom oant de 7e iuw f.Kr. as in Fenisyske en letter Punyske hannelsdelsetting Rusadir, sa't hjirboppe al neamd waard. De Fenisyske hannelslju seagen it foardiel fan de lizzing tichteby de Strjitte fan Gibraltar en de westlike hannelsrûten. De hannelsdelsetting seach syn bloeitiid yn de 2e iuw f.Kr.. Nei de delgong fan it Kartaachske Ryk nei de Punyske oarloggen waard it plak opnommen yn de Romeinske fasalsteat Mauretaanje. Yn 42 n.Kr. waard de stêd part fan de Romeinske provinsje Mauretania Tingitana. Plinius de Aldere neamt it in fort en haven 99oppidum et portus). Yn 46 n.Kr. waard it plak in Romeinske koloanje. Nei de Romeinske tiid foel it plak ûnder de Wisigoaten, Fandalen en it Byzantynske Ryk.

Mei it kommen fan de Arabieren fan 680 ôf waard it Guelaya-skiereilân ynearsten negearre om it oermasterjen fan it âlde Hispania troch te stetten. It gebiet wie ferlitten en yn ruïnen efterlitten oant it fan de 10e iuw ôf troch Abderramán III wer oermastere waard, dy't yn 927 it befel oer in float út Malaga wei fierde en de Taifa fan Melilla kreëearre. Dat waard dêrnei yn it Kalifaat fan Kordoba yntegrearre waard en nau belutsen wie mei it Spaanske Al-Andalus.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Barrio de Medina Sidonia
  2. Barrio del General Larrea
  3. Barrio del Ataque Seco
  4. Barrio de los Héroes de España
  5. Barrio del General Gómez Jordana
  6. Barrio del Príncipe de Asturias
  7. Barrio del Carmen
  8. Barrio del Polígono Residencial de La Paz

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
· · Berjocht bewurkje