Springe nei ynhâld

Man Ray

Ut Wikipedy
Man Ray, foto fan Carl Van Vechten, 1934
Man Ray, foto fan Lothar Wolleh, Parys, 1975
Rose Selavy, alter ego fan Man Ray
Grêf fan Man Ray en Juliet Man Ray op it Cimetière du Montparnasse

Man Ray, berne as Emmanuel Radnitzky (Philadelphia (Pennsylvania), 27 augustus 1890 - Parys, 18 novimber 1976) wie in joadsk-Amerikaansk dadaïstyske en surrealistyske fotograaf en filmregisseur. De withoefolle portretfoto's dy't Man Ray makke fan keunstners en syn likefolle moadefoto's binne yllustraasjes by it kulturele libben op syn hichtepunt yn it Parys fan de ûnlijige tweintiger jierren. Man Ray waard teffens bekend troch it wurkjen mei fotogrammen, dy't er, ferwizend nei syn namme, "rayographs" neamde.[1]

Man Ray makke syn earste wichtige foto's yn 1918. Hy skildere, makke ynstallasjes en avant-garde films.

Wylst er mei syn freon Marcel Duchamp yn New York wenne, rjochte er de Amerikaanske takke fan de Dada beweging op. Dy oan it nihilisme besibbe beweging begûn yn Jeropa as in radikale ôfwizing fan de tradisjonele keunst en. Hy wie ien fan de oprjochters fan in groep fan moderne keunstners mei de namme Others ('Oaren').

Nei in tal eksperiminten dy't net bot slaggen en fral nei de publikaasje fan de útjefte foar ien kear fan New York Dada yn 1920, skreau Man Ray oan Tristan Tzara: "Dada cannot live in New York", sjoch Letter to Tristan.[2] Dêrnei ferfear er yn 1921 nei Parys en sette him nei wenjen en wurkjen yn Montparnasse. Hy rekke fereale op de ferneamde Frânske sjongster Kiki (Alice Prin), faak "Kiki fan Montparnasse" neamd, dy't letter syn favorite fotomodel waard.

Yn de dêrnei folgjende tweintich jier yn Montparnasse, wie Man Ray de foaroanman fan in revolúsje op it mêd fan de fotografy. Grutte artysten út dy tiid, lykas in James Joyce, Gertrude Stein en Jean Cocteau, waarden troch him op de gefoelige plaat fêstlein.

Mei Jean Arp, Max Ernst, André Masson, Joan Miró, en Pablo Picasso, wie er fertsjintwurdige op de earste surrealistyske tentoanstelling yn Galerie Pierre yn Parys (1925).

Yn 1934 posearre de surrealistyske keunstnares Meret Oppenheim, bekend fan har mei bont beklaaide teekopke (1936), foar Man Ray wat in tige bekende fotorige waard.

Krekt foar de oarloch gie Man Ray werom nei Amearika, en festige him yn Hollywood, dêr't er keunstfreonen út Parys trof. Hy bleau Montparnasse lykwols as syn thús beskôgjen en gie dêr yn 1951 [3] wer hinne tegearre mei oare helte Juliet Browner dy't er yn Amearika fûn hie. Yn de jierren nei de oarloch sloech er oan it skilderjen en liet er it fotografearjen fierder gewurde. Ek hat er sieraden en reproduksjes fan de iere Dada-keunstwurken fan syn freon Marcel Duchamp makke. Sadwaande waard ek de popart part fan syn artistyke spektrum. Man Ray beskôge himsels yn 't foarste plak as skilder, mar syn grutte bydragen oan de keunsten lizze op oare terreinen.

Man Ray waard beïerdige op it Cimetière du Montparnasse yn Parys. Op syn grêf stiet Unconcerned, but not indifferent. Juliet Browner stoar yn Parys (jannewaris 1991) en waard 79 jier.

Wurk yn iepenbiere kolleksjes yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Tentoanstellingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • Besten, L. den (2011) On Jewellery: A Compendium of Contemporary Jewellery. Stuttgart: Arnoldsche Art Publishers. ISBN 9783897903494
  • Ray, M. (1963) Belicht geheugen. Amsterdam: Arbeiderspers. ISBN 9029534729
  • Sieraad 1900-1972, eerste triennale Amersfoort 2 augustus t/m 1 oktober 1972 (1972). Rotterdam: Lemniscaat. ISBN 9060691318

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rayograms by Man Ray; Time.com, 18 april 1932
  2. Man Ray - Letter to Tristan Tzara, New York, 18 juny 1921, Bibliothèque Doucet, Fonds Tristan Tzara, Paris
  3. "'Belicht Geheugen', Autobiografie van Man Ray (Arbeiderspers, Privé-domein Nr. 207)
  4. Objecten in het Museum Boijmans Van Beuningen
  5. Objekten yn it Ryksmuseum