List fan keningen fan Skotlân
Dit is de list fan keningen fan Skotlân.
De Skotske keningstitel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje wie de earste kening fan Skotlân Kenneth MacAlpin (Skotsk-Gealsk: Cinàed mac Ailpìn), dy't it Keninkryk Skotlân stifte yn it jier 843, doe't er behalven kening fan 'e Skotten (of better sein fan it Gealske keninkryk Dalriada) ek kening fan 'e Pikten waard. De keningen fan Skotlân stiene oant Donald II bekend as rex Pictorum ("kening fan 'e Pikten") en pas dêrnei as ri Alban ("kening fan Skotlân"), mar dat hat der mear mei te krijen dat de Skotske annalen doe fan it Latyn op it Skotsk-Gealsk oergiene, as mei eigentlike politike omtinkens. Tsjin op syn letst de alfde iuw lieten de Skotske keningen har yn it Latyn omskriuwe as rex Scottorum ("kening fan 'e Skotten"), in foarm dy't letter oerdroegen waard yn it Ingelsk as King of Scots, wat op syn minsten like gongber wie as King of Scotland. Hjoed de dei wurdt dizze foarm suver útslutend noch brûkt foar keninginne Marije I (Mary Queen of Scots).
List fan 'e keningen fan Skotlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]NAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
843 - 1034 | Hûs fan ALPIN | |
Kenneth I de Feroverder | 843 - 858 | |
Donald I | 858 - 862 | |
Konstantyn I Follewyn | 862 - 877 | |
Aed | 877 - 878 | |
Gregoarius | 878 - 889 | |
Eochaid | 878 - 889 | (tsjinkening?) |
Donald II de Gek | 889 - 900 | |
Konstantyn II de Middeljierrige | 900 - 943 | |
Malcolm I | 943 - 954 | |
Indulf de Oanfaller | 954 - 962 | |
Dub de Ferheftige | 962 - 967 | |
Cullen de Wite | 967 - 971 | |
Kenneth II de Heitemoardner | 971 - 973 | (earste regearperioade) |
Amlaìb | 973 - 977 | |
Kenneth II de Heitemoardner | 977 - 995 | (twadde regearperioade) |
Konstantyn III | 995 - 997 | |
Kenneth III de Brune | 997 - 1005 | |
Malcolm II de Ferdylger | 1005 - 1034 | |
1034 - 1040 | Hûs DUNKELD | |
Duncan I de Sike | 1034 - 1040 | |
1040 - 1057 | Hûs fan MacBETH | |
Macbeth | 1040 - 1057 | |
1057 - 1058 | Hûs MORAY | |
Lulach de Ungelokkige | 1057 - 1058 | |
1058 - 1286 | Hûs CANMORE (eins in fuortsetting fan it Hûs fan Dunkeld ûnder in oare namme) | |
Malcolm III | 1058 - 1093 | |
Donald III de Blûne | 1093 - 1094 | (earste regearperioade) |
Duncan II | 1094 | |
Donald III de Blûne | 1094 - 1097 | (twadde regearperioade) |
Edmund | 1094 - 1097 | (tsjinkening) |
Edgar de Dappere | 1097 - 1107 | |
Aleksander I de Woeste | 1107 - 1124 | |
David I de Grutte | 1124 - 1153 | |
Malcolm IV | 1153 - 1165 | |
Willem I de Liuw | 1165 - 1214 | |
Aleksander II de Rûge | 1214 - 1249 | |
Aleksander III | 1249 - 1286 | |
1286 - 1290 | Hûs SVERRE | |
Margareta | 1286 - 1290 | |
1290 - 1292 | Earste Keningsleaze Tiidrek | |
1058 - 1290 | Hûs BALLIOL | |
Jan Leechmantel | 1292 - 1296 | |
1296 - 1306 | Twadde Keningsleaze Tiidrek | |
1306 - 1371 | Hûs BRUCE | |
Robert I | 1306 - 1329 | |
1329 - 1332 | regintskip fan Tomas Randolph, 1ste greve fan Moray | |
1332 | regintskip fan Donald II, greve fan Mar | |
David II | 1329 - 1371 | |
1371 - 1587 | Hûs STEWART | |
Robert II | 1371 - 1390 | |
Robert III | 1390 - 1406 | |
1406 - 1420 | regintskip fan Robert Stewart, hartoch fan Albany | |
1420 - 1424 | regintskip fan Murdoch Stewart, hartoch fan Albany | |
Jakobus I | 1406 - 1437 | |
Jakobus II Fjoerwang | 1437 - 1460 | |
1460 - 1463 | regintskip fan Marije, hartoginne fan Gelder | |
1463 - 1469 | seiskoppich regintskip | |
Jakobus III | 1460 - 1488 | |
Jakobus IV | 1488 - 1513 | |
1513 - 1514 | regintskip fan Margerete Tudor, prinsesse fan Ingelân | |
1514 - 1525 | regintskip fan Jan Stewart, hartoch fan Albany | |
1526 - 1528 | regintskip fan Archibald Douglas, 6de greve fan Angus | |
Jakobus V | 1513 - 1542 | |
1542 - 1554 | regintskip fan Jakobus Hamilton, greve fan Arran | |
1554 - 1560 | regintskip fan Marije hartoginne fan Guise | |
Marije I | 1542 - 1587 | (oant 1560 grutbrocht oan it Frânske Hof; fan 1567 ôf yn finzenskip yn Ingelân) |
1567 - 1570 | regintskip fan Jakobus Stuart, greve fan Moray | |
1570 - 1571 | regintskip fan Mattéus Stewart, 4de greve fan Lennox | |
1571 - 1572 | regintskip fan Jan Erskine, 17de greve fan Mar | |
1572 - 1578 | regintskip fan Jakobus Douglas, 4de greve fan Morton | |
1578 - 1587 | regintskip fan kroanprins Jakobus | |
1587 - 1651 | Hûs STUART (de Lennox-tûke fan it Hûs Stewart) | |
Jakobus VI | 1587 - 1625 | (fan 1603 ôf teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus I) |
Karel I | 1625 - 1649 | (teffens kening fan Ingelân en Ierlân) |
Karel II | 1649 - 1651 | (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; earste regearperioade; ôfset) |
1651 - 1660 | oerhearsking troch de Ingelske Republyk | |
1660 - 1694 | Hûs STUART (restaurearre, 1ste kears) | |
Karel II | 1660 - 1685 | (teffens kening fan Ingelân en Ierlân; twadde regearperioade) |
Jakobus VII | 1685 - 1688 | (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Jakobus II; ôfset) |
Marije II & Willem II | 1689 - 1694 | (regearren as man en wiif tegearre; teffens keninginne en kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de nammen Marije II en Willem III) |
1694 - 1702 | Hûs fan ORANJE | |
Willem II | 1694 - 1702 | (teffens kening fan Ingelân en Ierlân ûnder de namme Willem III) |
1702 - 1707 | Hûs STUART (restaurearre, 2dde kears) | |
Anne | 1702 - 1707 | (teffens keninginne fan Ingelân en Ierlân) |
De ein fan 'e Skotske ûnôfhinklikens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de Act of Union, fan 1707, waarden de keninkriken Ingelân (mei Wales dêrby ynbegrepen) en Skotlân mei-inoar feriene en hold Skotlân op te bestean as in selsstannich keninkryk, om op te gean yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje, dêr't yn 1801 troch in nije Act of Union ek Ierlân mei gearraande. De uny mei Ingelân kaam net út 'e loft fallen; krekt oarsom, it wie in ûntwikkeling dy't al oan 'e gong wie sûnt 1603, doe't mei keninginne Elizabet I it Ingelske keningshûs Tudor útstoar en har neef, Jakobus VI fan Skotlân de Ingelske troan urf. Hy regearre dêrnei sawol Skotlân as Ingelân (en dêrnjonken ek Ierlân) yn in personele uny as Jakobus I en VI (of, sa't men yn Skotlân seit: Jakobus VI en I). Mei't Ingelân dúdlik it rikere en wichtiger part fan 'e domeinen fan 'e nije kening wie, fêstige er him fansels yn Londen. Troch de folgjende generaasjes hinne ferlearen de keningen wat langer wat mear de bân mei Skotlân; Karel II wie de lêste Skotske kening dy't noch de muoite naam om (yn 1651) nei Skotlân ôf te reizgjen om op Skotske grûn kroane te wurden (en dat inkeld noch om't yn Ingelân doedestiden de republyk útroppen wie).
Jakobityske en oare pretindinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ôfsetting fan 'e roomske Jakobus VII, yn 1688, makken de saneamde jakobityske pretindinten noch hast oardel iuw lang oanspraak op 'e troanen fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. Harren oanhing wie lykwols benammentlik grut yn Skotlân, dêr't twaris, yn 1714 en 1745, grutskalige (mar bloedich delsleine) jakobityske opstannen plakfûnen. Hjir folgje de jakobityske keningen fan Skotlân yn ballingskip.
NAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
1688 - 1807 | Hûs STUART | |
Jakobus VII | 1688 - 1701 | |
Jakobus VIII | 1701 - 1766 | (de Alde Pretindint; yn Ingelân bekend as Jakobus III) |
Karel III | 1766 - 1788 | (de Jonge Pretindint; better bekend as Bonnie Prince Charlie) |
Hindrik I | 1788 - 1807 | (de jongste soan fan Jakobus VIII, in kardinaal fan 'e Tsjerke; stoar sûnder bern) |
Nei de dea fan Hindrik Stuart, yn 1807, ferfoel de jakobityske oanspraak op 'e Britske troanen earst oan it Hûs fan Savoaye (1807-1840), doe oan 'e Modeenske tûke fan it Hûs Habsboarch-Loataringen (1840-1919), en einlings oan it Hûs Wittelsbach (sûnt 1919). De hjoeddeiske erfgenamt is Franz von Wittelsbach, hartoch fan Beieren. Noch hy noch ien fan syn foargongers hat sûnt 1807 besocht om 'e oanspraak yn 'e praktyk te bringen.
As in kuriozum kin fierders noch fermeld wurde dat de Ugandeeske diktator Idi Amin himsels fan 1976 ôf konsekwint "de ûnkroane kening fan Skotlân" neamde.