Springe nei ynhâld

Lettele

Ut Wikipedy
Lettele
Pleats Riete yn Lettele (2011)
Pleats Riete yn Lettele (2011)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
Sifers
Ynwennertal 1.710 (2023) [1]
Oerflak 29,12 km²
dêrfan lân: 29,01 km²
dêrfan wetter: 0,12 km²
Befolkingsticht. 59 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 17' NB, 6° 16' EL
Kaart
Lettele (Oerisel)
Lettele

Lettele is in doarp in de gemeente Dimter yn de provinsje Oerisel. Yn 2017 hie it doarp 605 ynwenners.

Lettele leit op de Letteler es in de streek Sallân, tusken de doarpen Okkenbroek en Schalkhaar oan de Oerdyk en Bathmensewei. Oare plakken yn de omjouwing binne neist de stêd Dimter: Bathmen, Colmschate en Heeten. Under de himrik fan Lettele falle ek de lytse buorskippen Linde, Zandbelt en Alde Mole, dêr't de nôtmûne De Liuw út 1856 stiet. Oant in gemeentlike weryndieling yn 1999 wie Lettele ien fan de doarpen fan de gemeente Diepenveen.

Lettele leit oan de Europeeske kuierrûte E11, dêr ek wol Marsekreamerpaad of Hannelswei neamd. Dy E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oant de grins Poalen/Litouwen.

Yn Lettele steane in roomske tsjerke, in basisskoalle, in bûtenswimbad en fuotbalfjilden. It is wat befolkingsopbou oanbelanget in frij jong doarp omdat it him troch wenningbou yn de ôfrûne desennia faak útwreidzje kind hat.

Nikolaastsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trijeskippige Nikolaastsjerke waard ûntwurpen troch arsjitekt G. ter Riele en yn 1894 boud oan de Bathmensewei (destiids noch in sânreed) yn Lettele. De neogoatyske toer liket sterk op dy fan Schalkhaar.

Rekreaasje en eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eveneminten binne it jierlikse peaskefjoer en de jierlikse doarpsmerke, dy't yn it earste wykein fan augustus holden wurdt.

De natoer lûkt in soad kuier- en fytsrekreanten. Yn de bosken fan lângoed Oostermaet direkt beëasten it doarp binne kuierrûtes útsetten. Oan de noardrâne fan dit boskgebiet waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútske besetter in lansearynstallaasje foar V1 'fleanende bommen' boud. Dêrfan binne noch in pear restanten te besichtigjen. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dimter
Stêd:
Dimter
Doarpen:
BathmenDiepenveenLetteleOkkenbroekSchalkhaar
Buorskippen:
ApenhuizenDe BanninkDortherhoekAverlo en FrieswijkLindeLooMolenbeltOude MolenOksePieriksmarsRandeSnipperlingTjoeneZuidloo
Eardere doarpen en buorskippen:
Colmschate
Wetter:
Averlosche LeideDortherbeek OostIselSchipbeekZandwetering
· · Berjocht bewurkje