Springe nei ynhâld

Leonard Maltin

Ut Wikipedy
Leonard Maltin
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leonard Michael Maltin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 desimber 1950
berteplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as publisist, filmkritikus,
filmhistoarikus
jierren aktyf 1965 – no
bekendste
  wurk(en)
Leonard Maltin's Movie Guide
offisjele webside
www.leonardmaltin.com

Leonard Maltin (folút: Leonard Michael Maltin; New York, 18 desimber 1950) is in Amerikaansk sjoernalist en publisist, dy't bekendheid krigen hat as filmkritikus en filmhistoarikus. Hy is de skriuwer fan ferskate boeken oer sinema en de Amerikaanske filmyndustry. Syn bekendste publikaasje is Leonard Maltin's Movie Guide, in samling resinsjes en plotbeskriuwings fan films dy't tusken 1969 en 2014 ferskynde.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maltin waard yn 1950 berne yn New York as de soan fan abbekaat en letter rjochter Aaron Isaac Maltin (1915-2002) en dy syn frou, de sjongster Jacqueline Gould (1923-2012). Syn âldelju wiene allebeide fan etnysk Joadsk komôf, en Maltin waard grutbrocht yn in religieus joadsk fermidden yn Teaneck, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Hy folge de middelbere skoalle oan 'e Teaneck High School, dêr't er yn 1968 slagge foar syn eineksamens.

Maltin sette syn karriêre as sjoernalist en filmkritikus al yn 1965 útein, doe't er mei fyftjin jier artikels begûn te skriuwen foar it moanneblêd Classic Images en in eigen fanzine oer it Gouden Tiidrek fan Hollywood útjoech ûnder de titel Film Fan Monthly. Nei't er it middelber ûnderwiis trochrûn hie, begûn Maltin in wurkpaad wêrby't er syn artikels en filmresinsjes publisearre yn in ferskaat oan kranten en tydskriften, wêrûnder Variety en TV Guide. Yn 'e 1970-er jierren wurke er ek as muzykkritikus foar it jazzblêd Downbeat.

Leonard Maltin yn 1990.

Maltin skreau en publisearre ek Leonard Maltin's Movie Guide, in gearstalling fan plotbeskriuwings en resinsjes fan klassike en nij útkommen films. Dat wurk ferskynde foar it earst yn 1969 en waard fan 1987 oant en mei 2014 elts jier by de tiid brocht. Yn 2005 waarden alle films fan foàr 1960 ferpleatst nei Leonard Maltin's Classic Movie Guide, sadat er yn 'e nije edysjes fan 'e Movie Guide mear romte frijkaam foar nije films. Maltin publisearre ek ferskate oare non-fiksjewurken oer films en de filmyndustry, mei titels as The Whole Film Sourcebook, Leonard Maltin's Movie Encyclopedia, Our Gang: the Life and Times of the Little Rascals en Of Mice and Magic: A History of American Animated Cartoons.

Op 'e tillefyzje hie Maltin fan 1982 ôf tritich jier lang in filmrubryk yn it yn syndikaasje útstjoerde tillefyzjeprogramma Entertainment Tonight. Tegearre mei filmkritika Joyce Kulhawik út Boston makke er de filmrubryk Hot Ticket, dy't ek yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. Op it keabelnetwurk ReelzChannel presintearre er syn eigen filmrubryk dy't Secret's Out hiet. Ek ferskynde er yn programma's op it tillefyzjenetwurk Starz en hied er in eigen radioprogramma, mei as namme Leonard Maltin on Video.

Fan mids 1980-er jierren oant mids 1990-er jierren hie Maltin in sit yn 'e advysrie fan it Amerikaanske Nasjonaal Studinte Filmynstitút (NSFI). Likernôch oanslutend waard er foarsitter fan 'e Feriening fan Filmkritisy fan Los Angeles (LAFCA). Ek siet er yn 'e advysrie fan it Hollywood Entertainment Museum. Fan 2016 ôf wied er fierders as 'earefoarman' fan 'e sjuery belutsen by it Filmfestival fan Coronado Island. De wichtichste priis dy't op dat filmfestival ferjûn wurdt, waard yn 2020 omneamd ta de Leonard Maltin Tribute Award. Yn 2019 organisearren Maltin en syn dochter Jessie in eigen filmfestival, MaltinFest, dat trije dagen duorre en holden waard yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood. Anno 2021 presintearje Leonard en Jessie Maltin tegearre de podcast Maltin on Movies.

Leonard Maltin yn 2010 by de útrikking fan 'e Independent Spirit Awards.

Maltin wie fierders de driuwende krêft efter de publikaasje fan 'e Walt Disney Treasures, in dvd-kolleksje dêr't it iere animaasjewurk fan The Walt Disney Company op sammele is. Dêrfan kaam it earste diel yn 2001 út. Fan 2014 oant 2019 presintearre er op it tillefyzjekanaal Turner Classic Movies ienris yn it fearnsjier it programma Treasures from the Disney Vault, mei itselde soarte materiaal. Op it mêd fan ûnderwiis wie Maltin hast tsien jier lang as dosint ferbûn oan 'e Nije Skoalle foar Sosjaal Undersyk yn New York. Letter (en anno 2018 noch hieltyd) joech er yn Los Angeles les oan 'e Skoalle fan 'e Sinematografyske Keunsten fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC).

Yn 2021 kaam fan Maltin in autobiografy út ûnder de titel Star Struck: My Unlikely Road to Hollywood. Yn 2022 waard er útnûge om lid te wurden fan 'e Academy of Motion Pictures and Sciences (AMPAS), de organisaasje efter de útrikking fan 'e Oscars.

Maltin wennet yn Los Angeles. Hy is sûnt 1975 troud mei filmprodusinte en ûndersykster Alice Tlusty, mei wa't er ien bern hat, harren dochter Jessie. Yn 2018 makke Maltin bekend dat by him yn 2015 de sykte fan Parkinson fêststeld wie.

  • 1970 – Movie Comedy Teams
  • 1971 – Behind the Camera (yn 1978 werútjûn as The Art of the Cinematographer)
  • 1972 – The Great Movie Shorts (yn 1983 werútjûn as Selected Short Subjects)
  • 1973 – The Disney Films
  • 1976 – Carole Lombard
  • 1977 – Our Gang: The Life and Times of the Little Rascals (mei Richard W. Bann; yn 1992 werútjûn as The Little Rascals: The Life and Times of Our Gang)
  • 1978 – The Great Movie Comedians
  • 1980 – Of Mice and Magic: A History of American Animated Cartoons
  • 1981 – The Complete Guide to Home Video (mei oaren)
  • 1994 – Leonard Maltin's Movie Encyclopedia
  • 1997 – The Great American Broadcast: A Celebration of Radio's Golden Age
  • 2008 – Leonard Maltin's Movie Crazy
  • 2010 – Leonard Maltin's 151 Best Movies You've Never Seen
  • 2018 – Hooked on Hollywood: Discoveries from a Lifetime of Film Fandom
  • 2021 – Star Struck: My Unlikely Road to Hollywood (autobiografy)
  • 1969 – Leonard Maltin's Movie Guide (oarspronklik publisearre as TV Movies, dêrnei as Leonard Maltin's Movie & Video Guide; werútjeften yn 1974, 1978, 1980, 1982, 1984, 1986, 1987, dêrnei jierliks werútjûn oant en mei 2014; der is ek in Nederlânsktalige ferzje, de Speelfilm Encyclopedie)
  • 1973 – The Real Stars
  • 1974 – The Real Stars #2
  • 1973 – The Laurel & Hardy Book
  • 1976 – Hollywood: The Movie Factory
  • 1978 – Hollywood Kids
  • 1979 – The Real Stars #3
  • 1983 – The Whole Film Sourcebook
  • 1994 – Leonard Maltin's Movie Encyclopedia
  • 1999 – Leonard Maltin's Family Movie Guide
  • 2005 – Leonard Maltin's Classic Movie Guide

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.