Springe nei ynhâld

Leadsetten

Ut Wikipedy
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

Leadsetten is in druktechnyk, dêr’t lead yn it papier drukt wurdt.

It toetseboerd fan in leadsetmasine hat net folle fan dat op in kompjûter. Lofts steane de ûnderkast lettes, rjochts de kapitalen en yn de midden in tal spesjale tekens en sifers. It measte setwurk waard mei de lofterhân dien, mei de rjochterhân waard it oare fan de masine betsjinne, lykas it ynfoegjenfan spesjale tekens dy’t net yn it magasyn sieten, it wikseljen fan magasyn en it spasjearjen fan de tekst. Njonken de leadsetmasine stie in iepen bak mei smolten lead.

De matrizen hiene twa lettertypes: gewoan en healfet. Om in oare lettertype te brûken moast in oar magasyn brûkt wurde. Eltse matrys hie in ‘kaai’ dêr’t de matrys automatysk mei nei it krekte plak yn it magasyn distribuearre waard as de rigel yn lead getten wie. Net alle tekens wiene yn it magasyn oanwêzich. Dêrom moasten guon spesjale tekens mei de hân ynfoege wurde yn de rigel.[1]

Drukkerij Efficiënt wie ien fan de lêste Nederlânske drukkerijen dy’t leadsetten brûkten.[2]

Leadsetters by de krante Chicago Defender, 1941.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://emday.nl/2011/07/loodzetten-bij-drukkerij-efficient/
  2. http://www.grafischwoordenboek.nl/details.php?id=2343