Springe nei ynhâld

Klara Gûseva

Ut Wikipedy
Klara Gûseva
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klara Ivanovna Gûseva-Nesterova
nasjonaliteit Russysk
bertedatum 8 maart 1937
berteplak Pitjersk
stjerdatum 12 maaie 2019
stjerplak Moskou
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Squaw Valley 1960,
Innsbruck 1964
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1960

</noinclude> Klara Ivanovna Gûseva-Nesterova (Pitjersk, 8 maart 1937 - Moskou, 12 maaie 2019) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.

Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1960 en 1964). Gûseva debutearre mei 22 jier by it WK allround fan 1960 yn it Sweedske Östersund mei in fyftjinde plak. Trije wiken letter waard Gûseva op de Olympyske Winterspullen yn Squaw Valley de earste olympysk kampioene op de 1000 meter. By it WK allround fan 1961 yn Tønsberg waard se fiifde. By de Olympyske Winterspelen fan 1964, yntusken troud en as Klara Nesterova útkommend, yn Innsbruck bedarre se krekt njonken it poadium op de 3 kilometer. Klara Gûseva ferstoar op 12 maaie 2019, yn 'e âldens fan 82 jier ta gefolch fan in slim auto ûngelok.

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 46,50 20 jannewaris 1960 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.34,10 18 febrewaris 1960 flagge fan de Feriene Steaten Olympic Skating Rink, Squaw Valley
1500 meter 2.28,70 18 febrewaris 1960 flagge fan de Feriene Steaten Olympic Skating Rink, Squaw Valley
3 km 4.14,00 25 jannewaris 1965 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
jier WK
Allround
Olympyske
Spullen
1960 15e 500 m, 6e
1000 m, Goud
1500 m, 4e
1961 5e
1964 3 km, 4e

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: