Kaamein
Kaamein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerk yn Rajastan, Yndia. wyfke yn it Martin Mere Wetland Centre, Ingelân. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sarkidiornis melanotos | ||||||||||||
Pennant, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kaamein (Sarkidiornis melanotos) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1769 troch Pennant publisearre.
De IOC World Bird List ûnderskiedt twa soarten, mar net elkenien folget dy organisaasje. In soartedieling komt net foar yn 'e Howard and Moore Complete Checklist of the Birds of the World, tredde printinge 2003. Mei Sarkidiornis melanotos wurdt yn brede sin sawol de Amerikaanske kaamein as de kaamein fan 'e Alde Wrâld bedoeld.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kaamein is ien fan 'e grutste einesoarten en wurdt 56 oant 76 lang. Hy hat in spanwiidte fan 116 oant 145 sm en in gewicht fan 1 oant 2,9 kg. Folwoeksen kaameinen ha in wite kop mei donkere plakjes en in folslein wite nekke en ûnderkant. De boppebealch fan 'e fûgel is swart mei in griene of blauwe irisearjende glâns. It mantsje is grutter as de jerk en is fral oan 'e grutte swarte kaam boppe syn snaffel te ûnderskieden fan it wyfke.
It ferskil mei de Amerikaanske kaamein is it formaat en it fearrekleed op 'e siden. De Amerikaanske kaamein is lytser mei donkere siden, by jerken swart en by wyfkes griis, wylst dat by de kaameinen fan 'e Alde Wrâld ljochtgriis en by de wyfkes somtiden wyt is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte Sarkidiornis melanotos yn strikte sin komt yn'e tropyske en subtropyske wettergebieten fan in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara, it eilân Madagaskar en in grut part fan Yndia, Bangladesj en it fêstelân fan Yndosina foar.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaameinen ite planten en wat minder lytse fiskjes, wringeleazen en sied. Somtiden binne se foar rysboeren in pleach. Bûten it wiete seizoen foarmje se faak gruttere groepen oant wol 100 eksimplaren.
Se briede yn stilsteande sompen en marren yn 'e tropen en bliuwe faak op it selde plak. Yn 'e reintiid wolle se wol fierder fleane.
De Afrikaanske fûgels briede yn en nei de reintiid. Se komme net ta brieden as it net goed reine wol. De fûgels hawwe harren nêst yn in beamholte of heech gers. Jerken kinne twa wyfkes tagelyk ha of wol fiif efterinoar. Se ferdigenje de wyfkes en de piken, mar net de nêstlokaasjes. It wyfke leit 7 oant 15 gielwite aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasjes wurdt op 90.000 oant 340.000 fûgels rûsd (Wetlands International 2023), itjinge delkomt op likernôch 60.000-227.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal efterút giet, mar net boppe de 30% yn tsien jier. De fûgels ha lêst fan 'e jacht en biotoopferlies (it kappen fan bosken) en de tapassing fan gif yn rysfjilden. Yn 'e Senegaldelling is de populaasje foars tebekrûn nei't in daam yn 'e Senegalrivier oanlein waard. De soarte is ek gefoelich foar fûgelgryp.
De kaamein hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrfandinne is de kâns op 'e status gefoelich foar útstjerren lyts. De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN (2024). Op 'e soarte is de Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels fan tapassing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side bestiet foar in part út in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside (sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Knob-billed duck) en ynformaasje út:
|
- Kaamein
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tailân