Joseph Haydn
Joseph Haydn (Rohrau, 31 maart 1732 - Wenen 31 maaie 1809) wie in Eastenrykske komponist.
Haydn is berne as twadde fan tolve bern. Heit en men wienen ienfâldich, se wienen from en se wurken hurd. Mem hie graach sjoen dat ien fan har bern geastlike wurden wie mar dit siet der net yn foar Joseph. Syn heit woe graach in muzikant fan him meitsje. Yn 'e hûs waard der in soad muzyk makke. Dizze folksmuzyk kaam letter foar soan Joseph fan pas. Nei in pear pogingen om op in oargel te spyljen mocht er by it no ferneamde Wiener Sangerknaben yn Wenen. Dizze organisaasje song by tsjerketsjinsten. Mar doe't hy it burd yn de kiel krige en in prúk fan in kollega stikken knipte wie it klear. Hy wurd dyselde dei ûntslein. Hy stie op strjitte, hy krige iten fan freonen en fan bewûnderers. Letter koe hy sels wer iten keapje doe't er as kopiist wurkjen gie. Ut dizze tiid komme syn earste wurden dy’t besteld waarden troch de pleatslike adel en boargerij.
Hy bestudearret de nije wurken fan Carl Philipp Emmanuel Bach. Dizze wurken soe hy as foarbyld nimme foar syn pianosonates. Yn 1759 begjint hy mei in nije baan. Hy wurdt kapelmaster by de greve Morzin.
Hy trout mei Maria Anna Keller. Hy woe leaver trouwe mei har suster, mar dit mocht net fan de skoanheit. It wie net in lokkich houlik. Der kamen gjin bern en Haydn sei faak dat er bliid wie dat er net thús hoegde te wêzen. Hy wie faak yn it selskip fan oare froulju.
Yn 1760 wurdt hy kapelmaster by Grevee Esterhazy yn Eisenstadt. Haydn krige in permanint orkest ta syn foldwaan. Dit wie foar him in goede omjouwing om in soad wurken ôf te leverjen. Stadichoan waard Haydn ferneamder. Hy krige útnûgingen fanút de hiele wrâld lykas Parys, Amsterdam, Leipzich, de Feriene Steaten, Spanje en Itaalje.
De ferneamdheid kaam him goed fan pas yn 1790. De greve gie dea en de kapel waard ûntbûn. Hy krige in aardich pinsjoen mei en hy mocht de titel kapelmaster behâlde. Hy fêstige him as frije keunstner yn Wenen. Op oantrunen fan de fioelist en ympressario Salamon ûndernaam hy twa reizen nei Ingelân. Syn Londenske symfonyen waarden tige goed ûntfongen. It Ingelske hof woe him graach sjen. Ek krige hy it earedoktoraat fan Oxford. Op syn earste weromreis moete hy de jonge Ludwig van Beethoven, dy’t him folget nei Wenen foar muzyklessen. Echt freonen binne it noait wurden.
Yn syn lêste libbensjierren komponearre hy syn twa belangrykste oratoria’s: "Die Schopfung" en "Die Jahreszeiten". Foar syn dea koe hy yn de krante syn eigen namme lêze by de rou-advertinsjes. Troch in namme wikseling fan de krante mei syn broer wurdt hy dea ferklearre. Dêrom krige er ek gjin útnûging foar de routsjinst yn Parys. Sels stoar hy in pear jier letter tidens it bombardemint fan Frankryk op Wenen op 31 maaie 1809.
Haydn hat likernôch 104 symfonyen skreaun en 84 strykkwartetten.