Springe nei ynhâld

Jill Krop

Ut Wikipedy
Jill Krop
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jill Krop
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 1963
berteplak Edmonton (Alberta)
etnisiteit Angelsaksysk Kanadeesk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, direkteur nijs
stasjonsmanager
medium tillefyzje, radio
wurksum by Globel BC
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
Jill Krop op GlobalNews.ca

Jill Krop (Edmonton, 1963) is in Kanadeesk nijslêzeresse en ferslachjouster op radio en tillefyzje, dy't no ek wurket as direktrise fan 'e ôfdieling nijs en as stasjonsmanager foar Global BC.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krop waard yn 1963 berne yn Edmonton, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, mar se groeide op yn Britsk-Kolumbia. Se folge in oplieding sjoernalistyk oan it Britsk-Kolumbiaansk Ynstitút foar Technology (BCIT) yn Burnaby, dêr't se yn 1986 mei goed gefolch ôfstudearre.

Krop begûn har karriêre by de lokale tillefyzjestjoerder CKPG-TV yn Prince George, yn Britsk-Kolumbia, folge troch in útdaagjend jier by CFRE-TV yn Regina, yn Saskatchewan. Dêrnei ferfear se nei de Kanadeeske Kustprovinsjes, dêr't se seis jier lang wurke foar it Atlantic Satellite Network (ASN) yn Halifax. Yn dy tiid wie se nijslêzeresse by wichtige nijsútstjoerings en ien fan 'e earste beide presintators fan it populêre moarnstillefyzjeprogramma Breakfast Television.

Yn 1995 kearde Krop werom nei Britsk-Kolumbia, oan 'e Kanadeeske westkust, dêr't se har as nijslêzeresse foar wykeinútstjoerings by it tillefyzjenetwurk British Columbia Television (BCTV) joech. Yn septimber 2001 naam se fan Ted Chernecki de presintaasje oer fan it programma News Hour Final op troch-de-wykske jûnen op 'e stjoerder Global BC fan BCTV. Ut en troch foel se ek yn as nijslêzeresse by Global BC News Hour en Global National.

Op 10 april 2015 waard bekendmakke dat Krop promoasje krigen hie ta direktrise fan 'e ôfdieling nijs en stasjonsmanager fan Global BC. Dêrtroch wie se fan doe ôf oan minder yn byld te sjen. Njonken har wurk op 'e tillefyzje en efter de kamera's is Krop ek aktyf as ynfalpresintatrise op 'e radiostjoerder CKNW (AM). Fierders hat se sûnt de 1990-er jierren út en troch meiwurke oan films en tillefyzjesearjes, wêryn't se ornaris harsels spile yn har hoedanichheid fan nijslêzeresse.

Jill Krop wie foarhinne troud mei ferslachjouwer Paul Mennier, oant harren houlik yn 1994 yn in skieding einige. Dat wie de reden foar har weromkear, it jiers dêrop, nei Britsk-Kolumbia. Dêr krige se neitiid in relaasje mei in Dave Samson, in brânspuitman út Burnaby, mei wa't se op 22 april 2008 in soan krige.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.