Springe nei ynhâld

Hohenlohekreis

Ut Wikipedy
Hohenlohekreis
wapen
Statistyk
Ynwennertal 115.063 (2022)
Oerflak 776,76 km²
Befolkingsticht. 148 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Stuttgart
Oar
Adres bestjoer Allee 17
74653 Künzelsau
Koördinaten 49° 16' N 9° 41' E
Oprjochting 1973
Yndieling 16 gemeenten
Kenteken KÜN, ÖHR
NUTS-koade DE119
Kreiskaai 08 1 26
Webside hohenlohekreis.de

Hohenlohekreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Hohenlohekreis hat in oerflak fan 776,75 km².

Hohenlohekreis ûntstie yn 1973 troch it gearfoegjen fan 'e eardere lânkringen Öhringen en Künzelsau. De namme ferwiist nei de foarstedommen fan it laach Hohenlohe, dy't oant 1803 in grut part fan it gebiet fan 'e hjoeddeiske lânkring besiet.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring Hohenlohekreis lizze de folgjende stêden en gemeenten:

Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden Gemeenten
  1. Forchtenberg
  2. Ingelfingen
  3. Krautheim
  4. Künzelsau
  5. Neuenstein
  6. Niedernhall
  7. Öhringen
  8. Waldenburg
  1. Bretzfeld
  2. Dörzbach
  3. Kupferzell
  4. Mulfingen
  5. Pfedelbach
  6. Schöntal
  7. Weißbach
  8. Zweiflingen

Öhringen is de iennige Große Kreisstadt fan 'e lânkring.

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne:

  • GVV Hohenloher Ebene mei de sit yn Neuenstein; oansletten gemeenten: de stêden Neuenstein en Waldenburg en de gemeente Kupferzell.
  • GVV Krautheim mei de sit yn Krautheim; oansletten gemeenten: de stêd Krautheim en de gemeenten Dörzbach en Mulfingen.
  • GVV Mittleres Kochertal mei de sit yn Niedernhall; oansletten gemeenten: de stêden Forchtenberg en Niedernhall en de gemeenten.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne:

  • VVG fan 'e stêd Künzelsau mei de stêd Ingelfingen.
  • VVG fan 'e stêd Öhringen mei de gemeenten Pfedelbach en Zweiflingen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Hohenlohekreis, ferzje 28 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje