Hinnaard
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 60 | ||||
Webstee | Webstek De 4 doarpen mei Itens, Lytsewierrum en Rien |
Hinnaard is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004).
Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De gritenij en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen.Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hinnaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam it by de nij foarme gemeente Littenseradiel, sûnt 2018 leit it y de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn de lette Midsiuwen waard yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de gritenij hâlden. Hinnaard leit mar 500 meter súdlik fan de Boalserter Trekfeart, mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie Sassingastate, op it hiem stiet no in buorkerij. Tusken Easterein, Hinnaard, Iens en Wommels leit it greidefûgelreservaat Skrok.
It is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e iuw. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.
Klokhús
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mei laaien dekte klokkestoel, mei it tsjerkhof, foarmet mei inkele huzen it sintrum fan dizze mienskip. Der omhinne stean ferskillende stjelpen. Hernawort (1319) betsjut: terp op de hoeke. Op Hinnaard hat iuwen oanien de Sassingastins stien fan de namme Sassinga of Saxla. Doe´t yn it begjin fan de foarige iuw de terp ôfgroeven waard, is der in Fryske twa-earpot út it begjin fan de jiertelling fûn.
De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e iuw. Yn de midden stiet in mei laaien dekte fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e iuw en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e iuw. Der wurdt trije kear deis (automatiysk) lieden. Op it hou lizze inkele grêfstiennen dy't eartiids yn de tsjerke leinen. It gehiel is alle dagen te besjen en yn it klokhûs is in tentoanstellinkje oer de skiednis.
Doarpswapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sulveren punt is in sprekkend elemint, Herne is hoeke. It blau en sulver bine ûntliend oan it âlde wapen fan Hinnaarderadiel en de wapens fan de famyljes Sassinga en Roorda. De gouden stjerren komme ek fan it wapen fan de Sassingas. Boppedat jouwe de stjerren en de rút oan dat it doarp it haadplak wie fan de eardere gemeente Hinnaarderadiel. De rút stiet foar gerjochtichheid. De roas komt út it âlde wapen fan Hinnaarderadiel en ek út de wapens fan de famyljes Roorda en Eysinga.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hinnaard wie de grutske winner fan de kompetysje tidens de doarpsfeesten fan it jier 2000. De Hinnaarder feesten binne yn 1983 ûntstien doe't der jild ophelle wurde moast foar it ferrinnewearre klokhûs.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Monsamabuorren, Sassingawei, Spyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |