Springe nei ynhâld

Heerjansdam

Ut Wikipedy
Heerjansdam
Lizzing yn de gemeente Zwijndrecht
Lizzing yn de gemeente Zwijndrecht
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Zwijndrecht
Sifers
Ynwennertal 3.800 (2021)[1]
Oar
Postkoade 2995
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 50' 7" NB, 4° 34' 54" EL
Kaart
Heerjansdam (Súd-Hollân)
Heerjansdam

Heerjansdam is in plak yn de gemeente Zwijndrecht en in eardere gemeente yn de Nederlânskse provinsje Súd-Hollân. It doarp hat 3.800 ynwenners (2021).

Sûnt 2003 is Heerjansdam part fan de gemeente Zwijndrecht.

Heerjansdam wurdt begrinzge troch it Waaltsje mei Barendrecht yn it noardwesten, de Alde Maas yn it súdwesten, de Lange Weg mei Rijsoord yn it noarden. De eardere grins mei Zwijndrecht (yn it súdeasten) rint troch de polder Groote en Kleine Lindt.

Yn 1323 komt foar it earst de namme Heeren Heynen Ambacht of Heren Heyenland foar dêr't yn in oarkonde in Amersfoartske abdij syn grûn yn de Zwijndrechtske Waard oan greve Willem III fan Hollân ferkocht. De namme "Heerjansdam" komt fan Jan van Rosendaele dy't op 25 novimber 1368 de namme joech. Hy koe de namme jaan omreden er in part fan it bedykjen fan de Zwijndrechtske Waard bekostige, dy't yn 1331 troch grebve Willem III op gong set waard. Yn ruil dêrfoar beneamde Willem III Hendrik van Brederode en Jan van Rosendaele mank mei sân oaren dy't it bedykjen meifinansearre hiene ta ambachtshear fan in part fan de waard.


Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Heerjansdam fan Wikimedia Commons.