Harry Linthorst Homan
Henri Peter Linthorst Homan, meast Harry Linthorst Homan (Assen, 29 maaie 1905 - Wapenveld, 3 febrewaris 1989) wie kommissaris fan de keninginne tusken 1945-1970.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linthorst Homan wie de soan fan de lettere kommissaris fan de Keninginne fan Drinte Jan Tijmens Linthorst Homan en Jeannette Staal. Ek syn pake fan heitekant, Johannes Linthorst Homan, wie kommissaris fan de Keninginne fan Drinte. De pake fan memmekant wie Henri Staal, minister fan Oarloch yn it kabinet-De Meester. Harry Linthorst Homan boaske op 9 jannewaris 1940 yn Wassenaar René Henriëtte del Court van Krimpen, dochter fan de golfer Gerry del Court van Krimpen en May van Loon. Se wienen inisjatyfnimmer ta de oprjochting fan de Golf & Country Club Lauswolt. Hja waard dêr beneamd as earelid.
Linthorst Homan wenne yn syn jeugd op it famyljelângoed Overcinge yn Havelte. Hjirnie folge er yn Assen it gymnasium, en studearre fan 1924 - 1929 rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien. Fan 1929 - 1935 wie hy abbekaat, yn in praktyk mei syn broer Hans Linthorst Homan. Hjirnei waard er direksje-sekretaris by Philips. Hy die mei oan it ferset en drige yn 1942 arrestearre te wurden. Nei in flecht fia Belgje, Frankryk en Spanje kaam hy yn 1943 yn it Feriene Keninkryk. Linthorst Homan waard amtner op it ministearje fan Binnenlânske Saken fan it Nederlânske regear yn ballingskip, en waard sous-chef fan it Militêr Gesach. Yn dy funksje moast hy syn broer Hans yn 1945 meediele dat dizze staakt wie yn syn funksje as kommissaris fan de keninginne fan Grinslân.
Yn de hjerst fan 1945 frege Louis Beel him kommissaris fan de kenininginne yn Fryslân te wurden. Linthorst Homan wegere, omdat hy fûn dat hy dêr as Drint nei op syn plak wie. Doe't der nochris mei klam in berop op him dien waard, stimde hy ta, mar allinnich as hy in proeftiid krije soe fan twa jier. De Friezen wienen lykwols wiis mei him, en hy soe úteinlik 25 jier yn funksje bliuwe. Hy waard opfolge troch Hedzer Rijpstra.
Hy ferstoar op 83-jierrige leeftiid en leit begroeven yn in famyljegrêf by de Herfoarme Tsjerke fan Havelte. Nei him is in slûs neamd yn it rivierke de Linde, de Mr. H.P. Linthorst Homanslûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- VVD-politikus
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk balling
- Nederlânsk liberaal
- Frysk abbekaat
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk balling
- Frysk liberaal
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Drintsk persoan
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1905
- Persoan stoarn yn 1989