Hans Vredeman de Vries
Hans Vredeman de Vries (Ljouwert, 1527 - Antwerpen, De Haach of Hamburch, 1607 of 1609) wie in ynternasjonaal arsjitekt, festingboukundige, keunstteoretikus, planolooch (avant la lettre), tekener en skilder. Hy wie ien fan de keunstners út de 16e iuw mei in soad ynfloed fanwege syn behearsking fan it perspektyf, syn publikaasjes, syn ûntwerpen en fersieringen. Hy ûntwurp folle mear as dat er feitlik stal joech.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hans Vredeman de Vries wie de soan fan in bussjitter, dy't tsjinne ûnder de Fryske steedhâlder Georg Schenck van Toutenburg. Hy begûn syn oplieding by in glêsskilder yn Ljouwert (en Kollum). Yn 1546 ferfarre hy nei Amsterdam en Kampen. Yn 1549 wurke hy yn Mechelen, dêr't syn broer organist wie. Under Pieter Coecke fan Aelst ûntwurp hy de triomfbôgen dy't brûkt waarden foar de ynkomst fan keizer Karel V en Filips II. Ek bestudearre hy Vitruvius en Sebastiano Serlio, yn in oersetting fan syn learmaster. Yn 1561 troude hy mei Johanna fan Muysene, de suster fan in kollega-skilder, mar hja stoar al nei inkele jierren. Vredeman de Vries ûntwikkele him ta treflik en ferneamd perspektyftekener en yntrodusearre de Italjaanske boustyl benoarden de Alpen. Hy publisearre ûnder oaren by de drukker Plantijn foarbylden fan kartoesjes, trofeeën, arsjitektuer, fonteinen, meubels, grêfmonuminten, pylders, potguod, termen en grotesken.
Yn Antwerpen wie hy benammen aktyf as festingbouyngenieur. Yn 1583 skreau hy it boek Hortorum viridariorumque... formae, in wurk dat fan grut belang wie foar de ûntwikkeling fan de túnarjitektuer, omdat it de earste printsearje wie yn de westerske keunst dy't folslein oan tunen wijd wie. Hy lei hjiryn de renêssânse-ynfloeden dy't út Itaalje oerkamen, op syn eigen manier út dêr't hy it eigen karakter fan de Nederlânske - en Flaamske túnarsjitektuer troch skoep. Elke print lit in tún fan boppe ôf sjen, mei parterres fan geometryske fjilden, knipte hagen, beammen, blommen, hikken, portalen, leafgongen, paviljoenen, bassins en fonteinen. Yn de yndividuele titels fan de blêden binne de tunen assosearre mei de trije pylderoarders, te witten de Doryske, de Ionyske en de Korintyske oarder.
Nei de besetting fan Antwerpen yn 1585 troch de hartoch fan Parma ferliet ek Vredeman de Vries de stêd mei syn twadde frou Sara fan Elsmer. Hy krige dêrnei opdrachten yn Frankfurt am Main en Wolfenbüttel om in grêftegurdle om de stêd oan te lizzen. Mooglik waard er dêrnei frege om in kanaal tusken de Weser en de Elbe te ûntwerpen. Hy gie nei Hamburch doe't syn opdrachtjouwer Julius fan Brunswyk-Lüneburg stoar en de opfolger it projekt ôfblaasde. Vredeman wurke tusken 1592 en 1595 oan ferskate opdrachten yn Danzig (it hjoeddeiske Gdansk) en gie nei Praach dêr't hy tegearre mei syn soan Paul de keizerlike keunstgalerij ûntwurp. Yn 1600 liet hy him ynskriuwe as poarter fan Amsterdam. Yn 1604 besocht hy in oanstelling te krijen om wiskunde te dosearen oan de Universiteit fan Leien. Oer it jier en it plak dêr't Vredeman de Vries stoar bestiet grutte ûndúdlikheid.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Veelderleij dieverse termen op de V ordene der Edificien ... / geinuenteert duer Johannes Vreedman Vriese (1565)
- Architectura. 3e stuk. De oorden Tuschana, in tween ghedeylt in XII. stucken, bequaem en nutteliick voor alle ingenieuse bouwers, als metsers, steenhouwers ende andere liefhebbers der antiquer architecturen / Gheinventeert ende ghemaect naer de leeringhe Vitruvii ; by Hans Vredeman de Vriese (1577)
- Hortorum viridariorumque... formae (1583)
- Perspective (1604)
Vredeman de Vriespriis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2000 is der ek de jierlikse Vredeman de Vriespriis, it iene jier foar arsjitektuer en it jier dêrnei foar foarmjouwing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fpoarbylden út in museum yn Schleswig-Holstein
- Webstee nei oanlieding fan in tentoanstelling yn Bremen
- Publikaasje oer syn arsjitektuer
- Architectura website of the Centre d'études supérieures de la Renaissance at Tours (France)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hans Vredeman de Vries fan Wikimedia Commons. |
- Frysk arsjitekt
- Frysk stêdeboukundige
- Frysk festingboukundige
- Frysk keunstskilder
- Frysk tekener
- Nederlânsk arsjitekt
- Nederlânsk stêdeboukundige
- Nederlânsk festingboukundige
- Nederlânsk keunstskilder
- Nederlânsk tekener
- Dútsk arsjitekt
- Dútsk stêdeboukundige
- Dútsk festingboukundige
- Dútsk keunstskilder
- Dútsk tekener
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Dútsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1527
- Persoan stoarn yn 1607
- Persoan stoarn yn 1609