Springe nei ynhâld

Grûnwettermeter

Ut Wikipedy
Grûnwettermeter oan it fytspaad De Fuotpaden by It Oranjewâld

De Grûnwettermeter is in buis mei in skaalferdieling, in mjitynstrumint, wêrop't ôf te lêzen is hoe djip it grûnwetter ûnder it meanfjild stiet. In fergelykber ynstrumint is de peilbuis, mar dy hat in oare funksje.

Spesjaal foar edukaasje (projekt Wetter yn de Peiling) binne op in mear plakken yn Fryslân grûnwettermeters setten. Hjirby stean boerden mei taljochtings dy't de wurking fan it ynstrumint ferklearje, sadat men ôflêze kin oft de grûnwetterstân te heech is, (wiete fuotten) of te leech (ferdrûging). Ofhinklik fan it plak hat elk ynstrumint in oare skaalferdieling.

De grûnwettermeter (sjoch foto) lâns it fytspaad De Fuotpaden (koordinaten rjochtsboppe dit artikel) yn de omkriten fan Brongergea hat de folgjende skaalferdieling (djipte ûnder meanfjild):

Djipte Kleur Beoardieling
0 - 40 sm Read te wiet
40 - 100 sm Grien geunstich
100 - 180 sm Giel minder geunstich
180 - 200 sm Read te drûch

Op de foto stiet de blauwekolom op -155 sm, (giele sône). Dit betsjut dat it grûnwetter te leech stiet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]