Flat character
Appearance
In flat character of statysk personaazje is yn 'e narratology in personaazje mei in simpel, ferienfâldige karakter, yn tsjinstelling ta in round character. Flat characters bliuwe troch it hiele ferhaal itselde. Se ûntjouwe har net en har hâlden en dragen is foarsisber. De skriuwer kin flat characters brûke om de haadpersonaazjes yn perspektyf te pleatsen.
Yn guon sjenres, lykas mearkes, binne alle figueren (dus ek de haadpersoanen) flat characters. It foarkommen fan round of flat characters wurdt dus foar in part troch it sjenre bepaald. Wannear't in flat character yn it teken stiet fan ien minsklike eigenskip, neame we dat in archetype (bgl. de drûge amtner, de ferjiteftige perfester, de rouwe seeman, ensfh.).