Springe nei ynhâld

Flagge fan Boarnsterhim

Ut Wikipedy
Flagge fan Boarnsterhim

De flagge fan Boarnsterhim is de flagge fan de eardere gemeente Boarnsterhim, yn it midden fan de provinsje Fryslân.

It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

De flagge is net langer mear as gemeenteflagge yn gebrûk omdat de gemeente op 1 jannewaris 2014 opgong is yn de gemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.

Wimpel fan Boarnsterhim

De beskriuwing fan de flagge is:

In griene broeking mei yn de broektop in giel klaverblêd, wêrfan de hichte gelyk is oan 1/3 fan de hichte fan de flagge; in flecht mei fiif banen, read, wyt, ensafuorthinne.

De kleuren en it klaverblêd komme út it wapen fan Boarnsterhim. De flecht is oernommen fan de flagge fan Eastergoa.


Tagelyk mei de flagge waard in gemeentlike wimpel oannommen, dy't sa beskreaun wurdt:

In fjouwerkante hijs fan grien, belein mei in giele klaver, en in lange splitwimpelflecht yn lingtebanen fan read en wyt.

By gemeenteriedsbesluit fan 6 desimber 1985 binne foar de 18 doarpen in wapen en in flagge fêststeld. In inisjatyf dat kaam fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Nei de oprjochting fan in nije kommandostruktuer ûntstie it idee om it doarpswapen yn de kommandostruktuer gravearje te litten. De wapens wiene al bekend út Akkrum, Dearsum, Aldeboarn, Terherne, Tersoal, Grou en Warten. De Fryske Rie foar Heraldyk is frege om foar de oare doarpen in wapen te ûntwerpen. De Fryske Rie foar Heraldyk makke foar alle doarpen tagelyk in flagge. In flagge wie allinnich bekend út Wartena . Sa krige de rike Fryske heraldyske tradysje in moai ferfolch.