Erfrjocht
Appearance
It erfrjocht regelt de oergong fan fermogen fan in ferstoarne op in libbene. Wy kenne
- Erfrjocht by ferstjer
- Testamintêr Erfrjocht.
It lêste wie neffens Aldfryske rjocht (besit tsjinnet it geslacht) útsletten. De tsjerke moedige al yn de Frankyske tiid , middels it kanonnike rjocht, skinken oan de tsjerke by libben en nei de dea sterk oan, sadat yn de Midsiuwen ek al testaminten foarkamen ten bate fan net-tsjerklike ynstellingen.
Ek it Erfrjocht by ferstjer wykte fan it hjoeddeiske ôf; earst erfden de bern (mei foarkar foar jonges), dan de âlden, en dêrnei broers en susters. Misten dy 'seis hannen' dan erfde it neiste bloed.
Al yn de Midsiuwen ferdwûn ûnder ynfloed fan it Romeinske rjocht ûnder mear de befoarrjochte posysje fan de soannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|