Springe nei ynhâld

Dom fan Spiers

Ut Wikipedy
Dom fan Spiers
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Spiers
koördinaten 49° 19' N 8° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Spiers
patroanhillige Marije en Stefanus
Arsjitektuer
boujier 1025-1061 mei lettere rekonstruksjes
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Side fan de dom
Kaart
Dom fan Spiers (Rynlân-Palts)
Dom fan Spiers

De Dom fan Spiers (Dútsk: Speyerer Dom; offisjeel: Domkirche St. Maria und St. Stephan) yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts waard yn 1025 stifte troch de Salyske keizer Koenraad II.

De dom ferstjintwurdiget ien fan de wichtichste keunstwurken fan it Hillige Roomske Ryk en krige yn 1925 fan paus Pius XI de status basilica minor. Yn 1981 waard de dom ynskreaun op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip. Yn 'e tsjerke fûnen fjouwer keizers en fjouwer keningen harren lêste rêstplak.

Nei't de abdij fan Cluny yn de Frânske Revolúsje ferneatige waard, is de dom fan Spiers de grutste noch besteande romaanske tsjerke fan de wrâld.

De bou fan de tsjerke sette om 1025 hinne ûnder Koenraad II út ein, dy't fan doel wie de grutste tsjerke fan de wrâld te bouwen. Noch Koenraad II noch syn soan Hendrik III soe de foltôging fan de dom meimeitsje. Pas ûnder keizer Hendrik IV koe yn 1061 de dom ynwijd wurde. Noch gjin tweintich jier nei de foltôging liet Hendrik IV de tsjerke wer oant de helte ôfbrekke om it gebou noch grutter meitsje te kinnen. De nije tsjerke wie klear yn 1106, yn it jier doe't Hendrik IV ferstoar. Mei in lingte fan 134 meter en in breedte fan 33 meter wie it ien fan de grutste bouwurken fan de wrâld. Allinne de abdijtsjerke fan Cluny wie langer. It wie in ûnbidich grut gebou foar it noch lytse stedsje, mar de macht fan keizer Hendrik IV beheinde him net allinnich ta wrâldske saken mar jilde ek de Tsjerke, itjinge de oanlieding wie foar in lange striid tusken Hendrik IV en paus Gregorius VII. It ymposante bouwurk moast dan ek net allinnich de politike macht, mar foaral ek de religieuze machtsoanspraken fan de keizer ûnderstreekje.

Yn 'e nacht fan 5 op 6 maaie 1450 baarnde de domtsjerke folslein út. De skea wie ûnbidich en waard op mear as 300.000 gûne rûsd. Paus Nikolaas V garandearre yn maart 1451 in ôflaat fan fiif moannen en yn maart 1452 nochris in ôflaat fan trije moannen foar it finansierjen fan de weropbou.

De domtsjerke op in gravure fan Matthäus Merian (1640)

Njoggenjierrige Kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 septimber 1688 besetten troepen fan de Frânske kening Loadewyk XIV de stêd Spiers. Hja hiene it befel krige om de stêd útsein de domtsjerke te ferneatigjen. Safolle as hja koene brochten de ynwenners harren hûsrie nei de dom en stapelen it dêr meters heech op. Op 31 maaie 1689 waard de stêd lykas oankundige lang om let yn brân stutsen. Doe't it fjoer tichterby de dom kaam slaggen de lju der yn it oerslaan fan it fjoer nei de tsjerke tefoarren te kommen troch it opstellen fan wetterfetten en it ferwiderjen fan de dakken fan oanbuorjende gebouwen. In swiere ûnwaarsstoarm yn de nacht nei 2 juny feroarsake lykwols sa'n soad fjoer, dat sels it oanhâldende dwêsten net foarkomme koe dat it fjoer de eastlike koepel benei kaam. Yn de gaos dy't ûntstie wisten Frânske soldaten de domtsjerke binnen te gean en plonderen dêr de keizer- en keningsgrêven. Om de Salyske grêven folle djipper leine bleaune dy grêven op dy fan Hendrik V nei sparre. Troch de ûnbidige hjittens stoartte it ferwulft yn it westlike diel fan de dom yn, mar it eastlike diel wist it fjoer te wjerstean. Nei't Spiers wer op 'e nij befolke waard, waard it eastlike diel mei in muorre ôfsluten om sa it gebou wer brûkber te meitsjen foar de earetsjinst. Yn 1755 moasten ek it boppeste diel fan de noch restearjende westlike bou mei de beide tuorren fanwegen it ynstoartingsgefaar ôfbrutsen wurde.

De barokke westlike gevel fan de dom, 1830

Barokke weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de twadde helte fan de 18e iuw kaam der wer genôch jild foar de weropbou fan de tsjerke. Under Franz Ignaz Michael Neumann, de soan fan de ferneamde barokke arsjitekt Balthasar Neumann, waard yn de perioade 1772-1778 it gapjende gat yn it westlike diel fan it skip wer yn de oarspronklike foarm sletten. It hast folslein ôfbrutsen westwurk waard ûnder yntegraasje fan de romaanske foarhal neffens de moade fan doe mei in barokke gevel ferfongen. Langer as in iuw hat dy barokke gevel net stân holden.

De Frânske Revolúsje brocht oan de katedraal nije ferwoastings. De tsjerke waard ûntwijd en brûkt as stâl foar it fee en de opslach foar materjaal. It eigendom fan de tsjerke gyng oer op it Frânske regear. It bisdom Spiers waard opheft en foar wat Spiers oanbelanget by it bisdom Mainz foege. Plannen om de tsjerke hielendal ôf te brekken en it westwurk te ferbouwen ta in triomfbôge gyngen net troch om't it stedsbestjoer fan Spiers wegere de ôfbraak te bekostigjen. De biskop fan Mainz wist troch syn goede kontakten mei de frou fan Napoleon en de Frânske steatsman Jean Etienne Portalis Napoleon safier te krijen dat hy de fergunning foar de ôfbraak wer ynlûke liet. Mei in keizerlik dekreet fan 23 septimber 1806 waard de domtsjerke wer oan de katolike parochy oerlange. Fan de ynrjochting yn de tsjerke gyng lykwols hat alles ûnder de Frânske besetting ferlern.

De bou fan de nije gevel op in ôbyld út 1857

Nei de delslach fan Napoleon waard it bisdom yn 1817 wer oprjochte en krige de dom wer de status fan biskopstsjerke. Tusken 1818 en 1822 wie der in renovaasje en yn 1822 waard de dom op 'e nij ynwijd. De muorren fan it ynterieur waarden yn opdracht fan Loadewyk I fan Beieren (1846-1854) op 'e nij skildere mei fresko's yn de doe populêre Nazarener styl. Tusken 1854 en 1858 waard it westlike diel fan de tsjerke yn neoromaanske styl fernijd.

20e iuw oant hjoeddedei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1900 en 1906 fûn der argeologysk ûndersyk yn de tsjerke plak. De grêven van de keningen en keizers waarden iepene en yn in nije tagonklike Kaisergruft ûnder it eastlike travee van it skip ûnderbrocht. De tsjerke waard yn 1925 troch de paus ferheven ta in basilica minor.

Yn de perioade 1957-1961 hat der in grutte restauraasje west. Dêrby krige de tsjerke in romaansker ynterieur. De Nazarener fresko's út de 19e iuw waarden mei it stúkwurk ferwidere en binne tsjintwurdich yn de Keizerseal te sjen. De 19 fresko's yn it middenskip fan de Marije-syklus ûnder de noardlike en súdlike ramen holden lykwols harren âlde plak. De broazelige sânstiennen pylders krigen mei semintynjeksjes mear stevigens. Oan de hân fan gravueres en foarbylden fan soartgelikense bouwurken binne doe ek de yn de barokke tiid ferwidere gevels fan it dwersskip en it koer rekonstruearre. Ek yn it diel fan de fiering binne inkelde feroarings ferwidere, al koene dêr omreden fan de stabiliteit de barokke fersterkings net ferwidere wurde.

Modellen fan boufasen en rekonstruksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Krypte
Ynterieur

De yn 1041 ynwijde krypt waard foar it earst brûkt yn 1039 om dêr Koenraad II by te setten. Wylst de tsjerke noch yn de stegers stie, waard de krypt te lyts beoardiele en waard dy fergrutte. Nei de dea fan de lêste Salyske keizer Hendrik V waard de krypt foar it lêst fergrutte. Foar de útfiering fan de fergrutting waard de flier fan de krypt mei in meter ferhege, sadat Hendrik V boppe syn foarfaars byset wurde koe. Nei Hendrik V waarden noch Frederik Barbarossa syn twadde frou Beatrix fan Boergonje mei har dochter Agnes, Filips fan Swaben, Rudolf fan Habsburg, Adolf fan Nassau en Albrecht fan Eastenryk byset.

Frânske troepen plonderen en ferneatigen yn de Paltske Súksesjekriich de grêfmonuminten. Ek de grêven dy't fuort ûnder de grûn leine waarden doe skeind.

De krypt is it âldste diel fan de domtsjerke en is de grutste krypt út it romaanske tiidrek.

Hendrik V waard op de feestdei fan de hillige Afra fan Augsburch berne. Dêrom waard in kapel fan de dom oan dy hillige wijd. De kapel is oan de noardlike muorre boud. Hendrik IV ferstoar op de dei fan de hillige en syn sark bleau fanwegen in tsjerklike ban dy't oer him útsprutsen wie hast fiif jier lang yn de noch net ynwijde Afrakapel stean. Pas nei't de ban opheven waard troch paus Paschalis II mocht Hendrik IV op 7 augustus 1111 njonken syn heit Hendrik III yn de grêfkelder fan de Saliërs bysetten wurde. Yn de kapel is sûnt 1820 oan de noardlike muorre it epitaaf fan Caspar Schober (1504–1532) oanbrocht. It renêssânse keunstwurk komt oarspronklik út de yn de 19e iuw ferneatige kleastergong.

De oarspronklike Afrakapel wie in travee koarter. Dat travee stamt noch fan it lytse paradys, de foarhal dy't by de grutte brân ferneatige waard en by de weropbou fan de tsjerke net wer opboud waard. Dat travee waard doe by de Afrakapel foege.

De Afrakapel docht tsjinst foar de measte earetsjinsten.

Doopkapel

Oan de súdlike kant fan de tsjerke stiet in dûbelkapel, dy't fan ôf 1050 boud waard. De benedenkapel is oan Sint-Emmeran wijd en wurdt as doopkapel brûkt. De oan Katarina fan Aleksanderje wijde boppekapel wurdt brûkt foar de útstalling fan de reliken fan û.o. de hillige Pirminius en de yn 2006 yn de dom fan Spiers sillich ferklearre Paulus Joazef Nardini. Dêrnjonken ferhuze ek it grêf fan it hert en it epitaaf fan biskop Johan VIII Hugo fan Orsbeck (1634–1711) nei de kapel. Ek de troch keizer Hendrik III út Rome meinommen hollen fan paus Stefanus I en de hillige Anastasius fan Perzje wurde yn de boppekapel bewarre.

De twa kapellen wurde troch in achthoekige iepening yn it midden mei inoar ferbûn. Se binne yn 1961 safolle mooglik yn de oarspronklike steat werom brocht.

Oliveberch

De Kaysersaal leit yn it westlike diel boppe de foarhal, dy't nei de dêr steande bylden de Keizershal neamd wurdt. It neoromaanske westwurk is neffens in plan fan Heinrich Hübsch boud en ferfong eartiids it barokke westwurk fan Neumann. Opfallend yn de Keizersseal is it grutte roasfinster, dat boppe de haadyngong nei de foarhal ynbrocht is. Yn de seal is in moarmeren kopy fan it âlde ferbaarnde genedebyld fan de Patrona Spirensis te sjen, dat troch de byldhouwer Joachim Günther yn 1777 foar it barokke westwurk makke waard. Lang wie de Keizersseal net foar it publyk tagongklik, mar sûnt 2012 binne dêr de fresko's te sjen dy't yn de jierren 1950 út de tsjerke ferwidere binne. Benammen it fresko de "Kroaning fan Marije", dat eartiids yn de apsis wie oanbrocht, is it besjen wurdich.

Op 55,5 meter hichte is in útsjochsplatfoarm yn de súdwestlike toer ynrjochte.

De middelste toer fan it westwurk hat altiten it plak west dêr't de klokken hongen. De fjouwer grutste klokken stamme út de 19e iuw en binne yn 1822 troch Peter Lindemann út Zweibrücken getten. De oare fiif klokken binne yn 1963 troch Friedrich Wilhelm Schilling út Heidelberch getten.

De Oliveberch stie eartiids yn it midden fan de binnenhôf fan de kleastergong. Njonken de domtsjerke rekke ek de Oliveberch by de brân yn 1689 slim skeind. De kleastergong waard net mear renovearre en moast yn 1820 wike om om de domtsjerke hinne mear frije romte te meitsjen. Allinnich de Oliveberch bleau as ruïne stean. Om it ferfal fierder tsjin te gean waard der in dak oerhinne oanbrocht. Ek waarden der nije bylden by set. Yn de Oliveberch is in lytse oan de aartsingel Michael wijde kapel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Speyerer Dom