Desi Bouterse
Désiré Delano (Desi) Bouterse (Domburch (Suriname), 13 oktober 1945) is in Surinaamske earder militêr sportynstrukteur, kûppleger, legerlieder, eks-regearingslieder, partijlieder en politikus foar de Nasjonale Demokratyske Partij (NDP) en sûnt 12 augustus 2010 de presidint fan Suriname. Hy kin betitele wurde as de meast omstriden figuer út de Surinaamske skiednis sûnt de ûnôfhinklikens (1975). Bouterse jildt as haadfertochte fan de Desimbermoarden en de Moiwanamoarden.
De namme fan Bouterse is ferbûn mei de militêre machtsoername dy't it lân behearske fan 1980 ôf oant en mei de begjin jierren '90 fan de 20e iuw, mei de binnenlânske oarloch, de Desimbermoarden (1982) en it foarfal yn it bosnegerdoarp Moiwana yn 1986. Dêrnei is er meardere kearen betichte fan belutsens by drugstransporten. Foar syn ûnderstelde belutsenens by al dizze foarfallen is er ferskate kearen oanklage, mar nea berjochte.
Nei de weromkomst fan de keazen regearings, (efterinoar Venetiaan, Wijdenbosch en Venetiaan), hat Bouterse meardere kearen besocht fia demokratyske wei oan de macht te kommen. Yn dy tiid hat er nei alle gedachten noch wol hieltyd in protte ynfloed hân efter de skermen op de Surinaamske polityk en maatskippij. Uteinlik is er der wol yn slagge om yn 2010 keazen te wurden as presidint.
Op 29 novimber 2019 waard er feroardield ta in finzenisstraf fan tweintich jier fanwegen syn part yn de Desimbermoarden.