Springe nei ynhâld

Desennium

Ut Wikipedy

In desennium is in perioade fan tsien jier. Yn it bysûnder ien út in rige fan desennia sûnt it begjin fan in iuw, of tsien jier mei itselde tsiental.

In desennium basearre op de iuw wurdt telt op deselde wize as de iuwen. Sa foarmje de jierren 2001-2010 it earste desennium fan de ienentweintichste iuw.

In desennium basearre op tsiental wurdt oantsjut mei it tsiental dêr't alle nûmers op einigje as se útsprutsen wurde. Sa binne de jierren 1990-1999 de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw. Under de tweintich einigje net alle getallen fan in desennium op itselde tsiental, dat dêr wurdt sa'n oantsjutting net foar brûkt.

In desennium is tsien jier. Tsien desennia foarmje in iuw, hûndert desennia in milennium.