Springe nei ynhâld

Charley Reynolds

Ut Wikipedy
Charley Reynolds
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Alexander Reynolds
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 maart 1842
berteplak yn Warren County (Illinois)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt ferkenner foar it
   Amerikaanske Leger
aktyf as keapman, jager, gids
jierren aktyf 18651876
reden
  bekendheid
sneuvele yn 'e ferneamde
   Slach oan de Little Bighorn

Charley Reynolds (folút: Charles Alexander Reynolds; yn Warren County (Illinois), 20 maart 1842 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk frontiersman, dy't aktyf wie as keapman, jager, gids en ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Hy waard benammen bekend om't er focht en sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Jonkheid en oarlochsjierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynolds waard yn 1842 berne yn Warren County, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan in dokter. Doe't er yn syn tinerjierren wie, ferfearen syn âlden mei him nei Kansas. Hy genoat in oplieding oan it Abingdon Kolleezje yn Abingdon, mar briek dy yn 1860 ôf om mei achttjin jier as sljochtwei soldaat tsjinst te nimmen yn it Noardlike Leger doe't tsjin 'e ein fan dat jier de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) ûntsjinkearber waard.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch swalke Reynolds fan 'e iene steat nei de oare en ferrjochte er alderhanne los wurk. Hy kaam bekend te stean as Lonesome ("Iensume") Charley Reynolds. Yn 1865 wied er keapman en yn 1866 bizonjager. Yn 1867 rekke er yn Fort McPherson slaande deilis mei in legerofsier, dy't by harren fjochtpartij in earm ferlear.

Neitiid ûntjoech Reynolds him ta gids. Hy wurke mei Buffalo Bill Cody foar de Amerikaanske spoarwegen, en kaam yn 1869 yn 'e kunde mei luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Dy helle him oer om ferkenner te wurden foar syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Yn dy hoedanichheid naam Reynolds diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje fan 1873. It jiers dêrop wie hy de boadskipper dy't Custer ûnder syn Ekspedysje nei de Black Hills nei Fort Laramie ta stjoerde mei it berjocht dat er goud fûn hie yn dy foar de Lakota hillige krite.

Grutte Sû-Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek ûnder de simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen, dy't diel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, begelate Reynolds it 7e Kavaleryrezjimint. De jûns foar de needlottige Slach oan de Little Bighorn hied er nei't it skynt in min foargefoel, en joech er syn persoanlike eigendommen wei oan soldaten mei wa't er befreone wie. Doe't se de oare deis, op 25 juny, yn 'e rjochting fan in Yndiaansk doarp rieden dat de Krieske ferkenners fan it rezjimint oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen hiene, frege Reynolds, dy't oars nea dronk, tolk Fred Gerard oft dy ek wat whiskey foar him hie.

Under de fjildslach bleau Reynolds by de fiif kompanjyen fan it 7e Kavaleryrezjimint dy't ûnder lieding fan Custer út it noarden wei in oanfal diene op it Yndiaanske doarp, mar weromdreaun en útinoarslein waarden. De restanten fan it detasjemint waarden neitiid troch de Lakota- en Sjajinske krigers op 'e heuveltop fan Custer Hill besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. Om't der gjin Amerikaanske oerlibbenen wiene fan dy konfrontaasje, komt alle ynformaasje dy't deroer bekend is fan Yndiaanske eachtsjûgen en fan argeologysk ûndersyk. Guon ferslaggen tsjutte derop dat Reynolds oan it lêst ta in legerdokter ferdigene dy't in ferwûne soldaat fersoarge (dat soe dan dokter George Edwin Lord west hawwe moatte, mei't de oare beide dokters fan it rezjimint har by de detasjeminten fan majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen befûnen, oan 'e súdkant fan it Yndiaanske doarp.

Reynolds syn stoflik omskot waard nei de slach provisoarysk op it slachfjild begroeven en in jier letter, lykas mei alle Amerikaanske sneuvelen it gefal wie, seremonieel werbegroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn. In wite tinkstien waard letter pleatst op it plak op Custer Hill dêr't er sneuvele wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.