Brief oan de Galatiërs
Brief oan de Galatiërs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Γαλάτες ("Epistoli pros Galates") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 50 – 60 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Twadde Brief oan de Korintiërs | |
● folgjend diel | Brief oan de Efeziërs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Galatiërs | |
publikaasje | 1918, yn Yn Us Eigen Tael | |
oersetter | Geart Aeilco Wumkes |
It Brief oan de Galatiërs (ek wol skreaun as it Brief oan de Galasiërs of it Brief oan de Galaten), yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Γαλάτες, Epistoli pros Galates, ek wol koartwei Galatiërs (of Galasiërs of Galaten) neamd, is it njoggende boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de fjirde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus de skriuwer fan dit brief is, wurdt frijwol unanym oannommen. Galatiërs waard wierskynlik tusken 50 en 60 skreaun yn itsij de stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, itsij yn Masedoanje, en hie as doel om 'e kristlike gemeenten yn 'e Lytsaziatyske lânstreek Galaasje op it rjochte paad te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Galatiërs wie dy fan 'e hân fan dû. Geart Aeilco Wumkes, dy't er yn 1918 publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paulus hie de gemeenten yn Galaasje (lykas dy yn Ikoanium, sjoch: Hannelingen 14:1-7) sels stifte, en fielde him der dêrom ferantwurdlik foar. Dizze gemeenten skine foar it meastepart út bekearde heidens bestien te hawwen, yn tsjinstelling ta guon oare ier kristlike mienskippen, dy't fierhinne opmakke wiene út kristene joaden. Nei't Paulus út Galaasje wei ôfreizge wie, moatte der guon oaren kommen wêze dy't preken dat de ferlossing inkeld troch it folgjen fan 'e Wet fan Mozes bewurkmastere wurde koe. Dizze streaming wurdt it legalisme neamd; oanhingers dêrfan woene bgl. hawwe dat kristenen har besniene en har oan 'e regels fan kousterens oangeande it itensieden holden. De Galatyske kristenen wiene dêr gefoelich foar, mar Paulus beskôge it as in ôfwikend evangeelje. Syn Brief oan de Galatiërs is dan ek in reäksje op wat hy beskôge as harren ôffalligens.
It Brief oan de Galatiërs kin rûchwei yn trije parten opdield wurde. Nei de ynlieding (Gal. 1:1-10) folget der in histoarysk stik (Gal. 1:11-2:21), wêryn't Paulus syn autoriteit as apostel ferdigenet en syn mei-apostel Petrus en oaren teplak set. Dan is der in learend stik (Gal. 3:1-5:14), dêr't Paulus yn oantoant dat de lju dy't it legalisme preekje dêrmei de eigenste kearn fan it evangeelje fan Jezus Kristus geweld oandogge. Hy ropt de Galatiërs op om har oan it rjochte leauwe te hâlden, en beskrobbet har om har ôffalligens. Dêrop giet er fierder mei in fermoanjend stik (Gal. 5:15-6:10), wêrby't er de leauwenden opdraacht om net inkeld har eigen strjitsje skjin te feien, mar ek oaren yn it leauwe te ûnderstypjen. Paulus beslút it brief (Gal. 6:11-18) mei in lêste warskôging en in seine.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1918 publisearre dû. Geart Aeilco Wumkes yn it tydskrift Yn ús eigen tael de earste Fryske oersetting fan it Brief oan de Galatiërs. Dy fertaling makke letter diel út fan it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 ferskynde en dat fan 1943 ôf sels wer ûnderdiel foarme fan 'e earste folsleine Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Galatiërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |