Boeing C-17 Globemaster III
C-17 Globemaster III | |
---|---|
Rol | Strategysk en taktysk transportfleantúch |
Makker | McDonnell Douglas, Boeing |
Untwerper | |
Earste flecht | 15 septimber 1991 |
Yn tsjinst | 17 jannewaris 1995 |
Ut tsjinst | yn tsjinst |
Tal makke | 279 (1991–2015) |
Grutste brûkers | United States Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Indian Air Force |
Untwikkele út | McDonnell Douglas YC-15 |
De Boeing C-17 Globemaster III is in Amerikaansk strategysk transportfleantúch, boud troch Boeing Integrated Defense Systems, dat tsjinnet by de US Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Canadian Forces Air Command en Qatar Air Force. It waard ûntwurpen as ferfanger fan de Lockheed C-141 Starlifter en om in tal taken fan de Lockheed C-5 Galaxy oer te nimmen. De C-17 krige syn namme fan twa eardere swiere transoportfleanmasines mei sûgermotors, de C-74 Globemaster en de C-124 Globemaster II.
In rige lannen (de NAFO-leden Nederlân, Bulgarije, Denemarken, Estlân, Hongarije, Italië, Letlân, Litouwen, Noarwegen, Poalen, Roemenië, Slovenië, Slowakije, Tsjechië en de Feriene Steaten, teffens Finlân en Sweden) hawwe meiïnoar yn 2009 trije C-17 Globemaster III's oankocht ûnder de neamer Strategic Airlift Capability. Sy binne stasjonearre op de loftmachtbasis Pápa yn Hongarije. Nederlân is in grutte brûker mei mear as 500 fleanoeren. Op 14 july 2009 waard it earste tastel ôflevere; de oare twa folgen yn it neijier.
Mei de C-17 Globemaster III is in flugge strategyske levering fan troepen en materialen fan en nei in haadbasis of nei in foarútskode basis mooglik. It tastel is grut genôch om in Chinook-helikopter te ferfieren. Hy is ek by taktysk ferfier fan bygelyks ferwûnen te brûken en ek foar loftdroppingen.
De C-17 is ûntwurpen om fan fleanfjilden mei koarte en smalle banen (1.064 m. / 27 m.) te operearjen. Fierders kin er brûkt wurde op net-befluorre en rûge banen.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spesifikaasjes | Gegevens[1] |
---|---|
Lingte | 53,04 m |
Spanwiidte | 50,29 m |
Fleugeloerflak | 353,0 m² |
Oerflakbelêsting fleugel |
|
Hichte | 16,79 m |
Frachtromte (L × B × H) | 26,82 m × 5,49 m × 3,76 m |
Gewicht leech | 122.016 kg |
Maks. startgewicht | 263.083 kg |
Maks. lading | 77.519 kg |
Maks. brânstofkapasiteit | 134.556 l |
Krúsfaasje |
|
Tsjinstplafond | 13.716 m |
Fleanberik |
|
Fleanberik mei ekstra brânstof |
|
Oandriuwing | 4 Pratt & Whitney F117-PW-100-Turbofans fan 185,55 kN it stik |
Driuwkrêft-gewicht ferhâlding |
|
Cockpit | 2 Head-Up-Displays, Fly-by-wire-systeem |
Bemanning | kommandant, ko-piloat, laadmaster |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing C-17 Globemaster III fan Wikimedia Commons. |