Springe nei ynhâld

Bloedbad fan Sand Creek

Ut Wikipedy
Bloedbad fan Sand Creek
(ûnderdiel fan 'e Kolorado-oarloch)

It tinkteken foar it Bloedbad fan Sand Creek.
datum: 29 novimber 1864
plak: oan 'e Big Sandy Creek, yn Kolorado
útkomst: ferswakking fan 'e Sjajinske fredespartij
konfliktpartijen
Súdlike Sjajinnen
Súdlike Arapaho
Feriene Steaten

befelhawwers
Swarte Tsjettel
Lofterhân
John M. Chivington

sterkte
60-200 (krigers) 700
ferliezen
70-163 deaden
(ynkl. froulju en bern)
24 deaden
52 ferwûnen
kaart
Bloedbad fan Sand Creek (Kolorado)
Bloedbad fan Sand Creek
Lokaasje fan it Bloedbad fan Sand Creek yn 'e Amerikaanske steat Kolorado.

It Bloedbad fan Sand Creek (Ingelsk: Sand Creek Massacre) wie in oarlochsmisdie dy't plakfûn as ûnderdiel fan 'e Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby waard op 29 novimber 1864 it freedsume doarp fan 'e Súdlike Sjajinnen fan opperhaad Swarte Tsjettel (dêr't ek guon Súdlike Arapho oanwêzich wiene) op ferriedlike wize oerfallen en útmoarde troch in 700 man sterke Amerikaanske miltêre ienheid fan 'e territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington. Skattings fan eachtsjûgen oangeande it tal Yndiaanske deaden rûnen útinoar fan 70 oant 163, mar yn elts gefal gie it dêrby foar twatrêde part om froulju en bern, wa har lichems oft letter troch de soldaten skeind waarden. Sels doedestiden al rôp dit barren sels ûnder blanke Amerikanen poerlulke reäksjes op, mar de trije offisjele ûndersiken dy't dernei ynsteld waarden, laten net ta ferfolging fan 'e ferantwurdliken. Hjoed de dei is it stee fan it Bloedbad fan Sand Creek in national historic site.

Yn 1861 joegen de Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) en harren bûnsgenoaten, de Súdlike Arapaho, harren oan 'e Amerikanen oer by Fort Lyon, ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Fort Wise. It opperhaad Swarte Tsjettel (Moketavato), dy't bekend stie as fredesstifter, miende dat er sa foar syn folk de beskerming fan 'e Amerikaanske oerheid tsjin 'e kolonisten krije koe, mar it ferdrach pakte ûngeunstich út foar de Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel-en-dy moasten har nei wenjen sette yn it Sand Creek Yndianereservaat, in lyts hoekje lân yn súdeastlik Kolorado, dêr't de grûn ûnbebouber wie en de tradisjonele jacht op 'e bizons ûnmooglik, mei't dy bisten dêr net foarkamen.

In protte Súdlike Sjajinnen wegeren dit ferdrach te akseptearjen, mei't se harsels yn it reservaat ûnmooglik yn libben hâlde kinne soene. Blanke delsettings en boerespultsjes waarden it doelwyt fan oerfallen troch poerlulke Sjajinske krigers. Oft Swarte Tsjettel dizze oarlochshannelings oanfitere, dulde of besocht tsjin te gean, dat is noch altyd in striidpunt ûnder histoarisy.

Tsjin 'e simmer fan 1864 wie de sitewaasje oanboaze ta in iepen oarloch tusken de hauken ûnder de Súdlike Sjajinnen, dy't lykstimden ûnder de Súdlike Arapaho en de Kajowa (Kiowa) as bûnsgenoaten hiene, en de Amerikanen. De Yndianen stielen fee en oare itensfoarrieden by de oerfallen dy't se útfierden op 'e delsettings fan 'e kolonisten, en soms ûntfierden se froulju en/of bern om yn harren folk op te nimmen ta ferfanging fan ferlerne kammeraten.

Kolonel John M. Chivington, de oanfierder fan 'e Amerikaanske troepen dy't it Bloedbad fan Sand Creek begiene.

Nei in oerfal wêrby't in hiel kolonistegesin fermoarde wie, stalde John Evans, de gûverneur fan it Kolorado-territoarium, in steatsmilysje gear, dy't oanfierd waard troch kolonel John M. Chivington, mei as doel om foar iens en foar altyd mei de Yndianen ôf te weven. Alle "freonlike Yndianen" waarden oardere om har te melden by legerposten om't se oars as fijannich te boek komme soene te stean. Dat, Swarte Tsjettel late syn troep nei Fort Lyon ta, dêr't er him melde by de legerkommandant. Mei beswarrings fan freonskip waard er wer weromstjoerd nei it Sand Creek Reservaat, dêr't er bliuwe moast oant de fijannichheden beëinige wiene.

Dêrop sloech Swarte Tsjettel, dy't oan it haad stie fan in troep fan sa'n 800 Súdlike Sjajinnen, ein novimber 1864 syn winterkamp op binnen de grinzen fan it reservaat, by in bocht yn it streamke de Big Sandy Creek, likernôch 64 km noardwestlik fan Fort Lyon. Dêr joech in lytse troep Súdlike Arapaho, ûnder it opperhaad Lofterhân (Niwot) him by de Sjajinnen.

Om dyselde tiid hinne late de ambisjeuze Chivington lykwols in milysjetroepemacht fan 700 man, besteande út 'e 1ste en 3de Koloradooske Kavaleryrezjiminten, in kompanjy fan it 1ste rezjimint Nijmeksikaanske Frijwillige Kavalery en ferskate kanonnen, nei Fort Lyon ta, dat er neffens eachtsjûge John S. Smith by ferrassing ynnaam, mei't er eltse tynge fan syn oansteande oankomst dêre tsjinholden hie. Hy liet it fort besingelje, sadat nimmen derút koe, en pleatste de Yndiaansk agint dy't de ôfspraken mei Swarte Tsjettel makke hie, ûnder arrest. Doe sette er mei it grutste part fan syn troepen ôf nei it Sand Creek Reservaat en it kamp fan Swarte Tsjettel. Troch de besingeling fan it fort koe dêrwei gjin warskôging oan 'e Yndianen trochdien wurde.

Opperhaad Swarte Tsjettel (Moketavato), oerlibbe it Bloedbad fan Sand Creek, mar kaam fjouwer jier letter om by in soartgelikens ynsidint dat bekendstiet as de Slach oan de Washita.

Yn it Yndiaanske doarp wiene op dat stuit de measte krigers ôfwêzich, om't se op jacht gien wiene. Swarte Tsjettel hie by syn tipy neffens ôfspraak in Amerikaanske flagge hyst, om oan te jaan dat er in freon fan 'e Amerikanen wie. Likegoed joech Chivington moarnsier op 29 novimber 1864, doe't hy en syn mannen by it doarp oankamen, daliks befel om oan te fallen. Twa ofsieren, kaptein Silas Soule en luitenant Joseph Cramer, dy't it befel fierden oer resp. de kompanjyen D en K fan 'e 1ste Koloradooske Kavalery, wegeren om dat befel op te folgjen, en oarderen har mannen om har bûten de striid te hâlden. De oare ûnderdielen fan Chivington syn troepemacht foelen lykwols daliks it doarp oan, dêrby de Amerikaanske flagge by de tipy fan it opperhaad negearjen, krektlyk as de wite flagge dy't de Yndianen hysten fuort nei't it sjitten begûn. De bewenners fan it doarp waarden sûnder ûnderskie te meitsjen ôfslachte.

Party wisten fuort te kommen op hynders út 'e keppel fan it kamp, wêrby't se de delling fan 'e Sand Creek folgen nei in oar Sjajinsk doarp by de boarnen fan 'e Smokey Hill Rivier. Oaren, wêrûnder de heal-blanke keapman George Bent, flechten streamop en groeven hoalen yn 'e steile sânige wâl fan 'e Sand Creek om har yn te beskûljen. Hja waarden hjitfolge en besketten troch de soldaten, mar in protte fan harren oerlibben sa de slachtpartij. Neffens in Sjajinske kriger mei de namme Moarnsstjer (net deselde as it opperhaad Moarnsstjer) waard in grut part fan 'e Yndiaanske slachtoffers deade troch de ynslaggen fan 'e kanonskûgels, dy't fan 'e súdigge fan 'e Sand Creek op 'e flechtlingen ôffjurre waarden.

Chivington soe letter foar it ûndersyk troch it Amerikaanske Kongres tsjûgje dat der by de oanfal 500 oant 600 Yndiaanske krigers deade wiene; dat soe betsjutte dat der inkeld manlju tusken de 15 en 50 jier yn it kamp libben. Oangeande it wiere tal fan 'e slachtoffers en wa't dat wiene, wurdt ornaris it tsjûgenis fan George Bent, dy't sels in bewenner fan it doarp wie, foar it betrouberst holden, al joech dy twa ferskillende ferslaggen. Op 15 maart 1889 skreau er oan Samuel F. Tappan dat der 137 deaden west hiene: 28 manlju en 109 froulju en bern. Op 30 april 1913, lykwols, doe't er al heech op jierren wie, skreau er dat by it bloedbad likernôch 53 manlju en 110 froulju en bern omkommen wiene. Dat soe it totale oantal slachtoffers dus op 163 bringe. De blanke eachtsjûge John S. Smith spriek fan 70 oant 80 deaden, wêrûnder 20 oant 30 krigers, wylst de histoarikus Alan Brinkley it oer 133 deaden hie, wêrfan 105 froulju en bern.

Under de Súdlike Sjajinnen wie de Wutapai-troep, fan Swarte Tsjettel, it slimst troffen, al oerlibbe it âlde opperhaad sels it bloedbad al. Likernôch de helte fan 'e Hevhaitaniu hearden ta de ferliezen, de opperhaden Giele Wolf en Grutte Man ynbegrepen. De Oivimana, dy't oanfierd waarden troch Fearretoai, ferlearen hast de helte fan harren sterkte. Ek de Hisiometanio, fan Wite Antilope, hiene slim fan it bloedbad te lijen, en it opperhaad Ien Each ferlear it libben. Yn ferhâlding kamen de Sûtajo en Heviqxnipahis fan opperhaad Sânheuvel noch goed fuort, en de Hûnskrigers, iroanyskernôch de wiere fijannen fan 'e Amerikanen, wiene net by Sand Creek oanwêzich, en ûntsprongen sa de dûns. Fan 'e likernôch 50 of 60 Súdlike Arapaho ûnder Lofterhân wist mar in hantsjefol minsken te ûntkommen, en Lofterhân sels, dy't de Amerikanen seis jier earder noch freonlik wolkom hjitten hie yn syn wengebiet, wie ek ûnder de deaden.

Foar Bizonkeal (Motši) wie it Bloedbad fan Sand Creek it begjin fan in tsien jier duorjende wraakoefening op 'e blanken.

Hoewol't de earste berjochten oanjoegen dat der by it bloedbad 10 Amerikaanske soldaten sneuvele en 38 ferwûne rekke wiene, kamen de ferliezen úteinlik út op 4 deaden en 21 ferwûnen ûnder de 1ste Koloradooske Kavalery en 20 deaden en deadlik ferwûnen en 31 lichter ferwûnen ûnder de 3de Koloradooske Kavalery, mei-inoar dus 24 deaden en 52 ferwûnen. De Amerikanen hiene de jûns tefoaren alfêst feestfierd om 'e kommende oerwinning, en in protte fan harren wiene by de oanfal op it kamp dan ek net rjocht nofter. De histoarikus Dee Brown skreau yn syn magnum opus Bury My Heart at Wounded Knee dat in protte deaden oan Amerikaanske kant feroarsake wiene troch "freonlik fjoer", mar dy bewearing wurdt nearne oars ûnderstipe.

Ear't Chivington en syn mannen it Yndiaanske kamp ferlieten, plonderen se de ferlitten tipys en stielen se de hynders. Doe't de reek ienris oploek, kearden se nochris werom en diene se in grut tal Yndiaanske ferwûnen dea. Dêrnjonken skalpearren se de measte deaden, lykfol oft it dêrby om manlju, froulju, bern of poppen gie. Se fersierden har wapens, huodden en gereid mei skalpen en oare ôfsniene lichemsdielen, wêrûnder fingers, earen en de geslachtsorganen fan manlju en froulju, en sels mei minsklike foetussen, dy't se út 'e lichems fan 'e swiere memmen snien hiene. Fjouwer moanne letter waarden dy "trofeeën" yn Denver yn it Apollo Theater yn it iepenbier tentoansteld. Fan trije Yndianen dy't net út it doarp slaggen, is bekend dat se de slachting oerlibben: George Bent syn broer Charlie Bent en twa Sjajinske froulju dy't letter oerdroegen waarden oan George en Charlie harren heit, de blanke keapman William Bent.

Gefolgen foar de Yndianen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bloedbad fan Sand Creek fersteurde it machtslykwicht yn 'e Rie fan Fjouwerenfjirtich, dy't de Sjajinnen regearre, mei't acht leden fan dat orgaan, Wite Antilope, Ien Each, Giele Wolf, Grutte Man, Beareman, Fearretoai, Bûnte Krie en Bearemantel, omkommen wiene, krekt as guon foaroanlju fan 'e ûnderskate Sjajinske krigersgenoatskippen. Dêrmei skeaten de Amerikanen harsels goed yn 'e foet, want dat wiene foar it meastepart krekt dejingen dy't altyd foarstanners fan frede west hiene. De Hûnskrigers en harren oanhingers, oan 'e oare kant, dy't altyd al fûn hiene dat it besykjen om 'e leave frede mar te bewarjen in heilleaze wei wie en dat ynstee geweld de Sjajinnen de iennichste kâns ta oerlibjen bea, seagen no harren oertsjûgings befêstige. Sadwaande rekke de fredespartij ferswakke en de oarlochspartij fersterke.

Nei Sand Creek joegen withoefolle Súdlike Sjajinnen, wêrûnder de grutte kriger Kromme Noas, har by de Hûnskrigers. Ek krigen se fersterking fan guon Súdlike Arapaho, en doe't it nijs oer it bloedbad him fersprate, kamen de Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho del út it noarden, mei by har harren bûnsgenoaten fan 'e Oglala- en Brulee-stammen fan 'e Lakota. Tsjin jannewaris 1865 hiene har mear as 1.000 krigers sammele, en briek yn noardlik Kolorado de saneamde Kolorado-oarloch út, wêrby't de Amerikanen swiere nederlagen litten yn 'e slaggen by Julesburg en Platte Bridge.

Kaptein Silas Soule, dy't nettsjinsteande deadsbedri-gings tsjin Chivington tsjûge, en koarte tiid letter yn Denver fermoarde waard.

Gefolgen foar de Amerikanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 't earstoan waard Sand Creek yn 'e Amerikaanske kranten besongen as in skoandere oerwinning tsjin in dappere, mar op kwea beluste fijân. Mar al rillegau sketsten de ferhalen fan tsjûgen en oerlibbenen in hiel oar byld. De publike opiny yn it Easten sloech om, en der waarden twa ûnderskate militêre ûndersiken ynsteld tsjin Chivington-en-dy, dy't lykwols nearne ta laten. It Amerikaanske Kongres stelde in spesjale kommisje yn om 'e saak te ûndersykjen, dat yn syn rapport ta de konklúzje kaam dat it "mar amper gaadlike wurden fine [koe] om [Chivington] syn hâlden en dragen te beskriuwen. [...] mei opsetsin plende er in smoarch en genipich bloedbad en fierde it doe út [...] hy makke misbrûk fan [de Sjajinnen] harren brekme oan euvelmoed en harren warleaze sitewaasje om 'e aaklikste hertstochten te befredigjen dy't ea in minskehert besmodzge hawwe." It rapport rôp fierders op om fuortendaliks maatregels tsjin him en syn trewanten te nimmen, wat lykwols net barde. De iennichste straf dy't de ambisjeuze Chivington krige, wie dat er neitiid de politike karriêre dêr't er op longere, wol farwol tútsje koe.

De kommisje fan it Kongres basearre syn konklúzjes fierhinne op 'e tsjûgeferklearrings dy't troch majoar Edward W. Wynkoop en dy syn adjudant ôfhommen wiene, en dy't mei it rapport fan 'e Kongreskommisje argivearre binne yn 'e Official Records of the War of the Rebellion (mei't it Bloedbad fan Sand Creek plakfûn ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch). Dêrûnder binne bgl. de ferklearring fan luitenant James D. Cannon, dy't útwreide oer de skeining fan minsklike geslachtsorganen troch de soldaten, en fertelde hoe't guon fan harren ôfsniene skamlippen oprutsen om har ta huodbân te tsjinjen, of oer harren sealknop hinne drapearren. Kaptein Silas Soule, dy't sels wegere hie om oan 'e slachtpartij mei te dwaan, krige deadsbedrigings, mar tsjûge dochs. Hy waard in pear wiken letter yn Denver fermoarde. Oan 'e oare kant wiene der soldaten, lykas de doedestiden 18-jierrige Irving Howbert, letter ien fan 'e stifters fan 'e stêd Colorado Springs, dy't har hiele libben lang tsjin al it bewiismateriaal yn dêr't it tsjinstelde út bliek, folholden dat der gjin froulju of bern oanfallen wurden wiene, en dat it bloedbad in folslein rjochtfeardige aksje wie.

Yn 1909 waard op it terrein fan it Steatskapitoal fan Kolorado, te Denver, in plakette ûntbleate dêr't Sand Creek op neamd wurdt as ien fan 'e "fjildslaggen en skermutselingen" út it tiidrek fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wêryn't troch troepen út Kolorado meifochten is. Yn 2002 foege it Histoarysk Genoatskip fan Kolorado, mei tastimming fan it steatskongres fan Kolorado, oan dat tinkteken in lytsere plakette ta, dêr't op stiet dat de oarspronklike ûntwerpers fan it monumint it Bloedbad fan Sand Creek "miskarakterisearre" hawwe troch it in fjildslach te neamen. Sûnt 2007 hat it stee fan 'e slachting de beskerme status fan national historic site, ûnder behear fan 'e Nasjonale Parktsjinst. Al mei al is "Sand Creek" de skiednis yngien is as ien fan 'e slimste oarlochsmisdieden fan 'e Amerikanen yn harren oarloggen mei de Yndianen, tegearre mei it lettere Bloedbad fan Wounded Knee.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.