Springe nei ynhâld

Blauwe ein

Ut Wikipedy
Blauwe ein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai blauwe einen (Hymenolaimus)
G.R. Gray, 1843
soarte
Hymenolaimus malacorhynchos
Gmelin,1789
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De blauwe ein (Hymenolaimus malacorhynchos; Maori: whio) is in bedrige einesoarte, dy't endemysk is yn Nij-Seelân.

De soarte waard by de twadde wrâldreis fan James Cook yn april 1773 sjoen en yn 1777 neamden Cook en de natoerûndersiker Georg Forster de blauwe ein yn harren ôfsûnderlike ferslaggen fan 'e reis. Yn 1785 waard de fûgel beskreaun troch de Ingelske ornitolooch John Latham yn A General Synopsis of Birds. Latham brûkte de Ingelske namme soft-billed duck. Doe't de Dútske natoerundersiker Johann Friedrich Gmelin yn 1789 Systema Naturae fan Carolus Linnaeus op 'e nij beseach en útwreide, naam hy de blauwe ein op en sette him by oare einen yn it skaai Anas. Hy betocht de binominale namme Anas malacorhynchos en sitearre earder wurk. Yn 1843 sette George Robert Gray de soarte yn it skaai Hymenolaimus en dat bleau sa. It is de iennige soarte yn it skaai. De soarte hat gjin nauwe sibben en de taksonomyske relaasjes mei oare wetterfûgelsoarten bliuwe ûnwis.

Kop fan 'e blauwe ein.

De blauwe ein is 53 oant 54 sm lang en weecht 680 oant 1077 gr. Wyfkes binne wat lytser as jerken. De ein hat in laaiblau fearrekleed mei in griene glâns op 'e kop en de boppewjuk. De snaffel is wyt-rôze en de iris giel. De snaffel hat fleizige hûdflappen oan 'e sydkanten fan 'e punt.

De ein hat readbrune plakjes op it boarst, dy't by it mantsje wat dúdlike oanwêzich binne as by it wyfke. Fierder binne jerken en wyfkes allyk.[1]

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ein libbe foar de komst fan 'e Europeanen eartiids yn hiel Nij-Seelân. Dêrnei waard it ferspriedingsgebiet lytser en beheind ta gebieten dêr't gjin minsklike aktiviteiten plakfine. De ein is op dy plakken by kâld, hurdstreamend wetter te finen.

De ein is in poerbêste swimmer, sels by in sterke stream, mar fleant net gau. Blauwe einen binne net maklik te finen, mar as se waarnommen wurde, binne se net bysûnder skou.

De fûgel yt larven en wringeleaze wetterdierkes, dy't der by it dûken of grondeljend op 'e boaiem fynt of troch mei de snaffel oer it wetter te swyljen. Ut en troch fret er beien en fruchten fan strûken.

Blauwe ein mei piken.

De fûgel briedt yn beamholtes, ûnder of tusken rotsen of yn tichte fegetaasje oan steile iggen fan wetterkes en lytse rivieren. Se lizze 4 oant 9 krêmwite aaien, dy't troch it wyfke yn 31 oant 32 útbret wurde, wylst it jerkje de wacht hâldt. De jonge fûgels moatte harren nei likernôch 70 dagen sels rêde. De nêsten binne net djip en wurde mei twiichjes, gers en grienwier dat de fan 'e rots skrabbet boud. Om 't de nêsten ticheby it wetter lizze, binne se tige gefoelich foar heech wetter. Dat is ek ien fan 'e redenen dat it briedsukses ekstreem wikselet.

De soarte stiet as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. De blauwe ein hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrom is der in kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2016 troch Birdlife International op 1.200 folwoeksen fûgels rûsd. By de telling fan 2021 op behearde plakken waarden 863 pearkes teld: 491 pearkes op it Noardereilân en 372 op it Sudereilân, itjinge 1.700 folwoeksen fûgels betsjut. Om de hiele populaasje krekt te rûzen is dreech fanwegen de ûntagonklikens fan it leefgebiet fan 'e ein, mar oannommen wurdt dat dy net mear as 2.500 folwoeksen fûgels bedraacht.[2]

De grutste bedrigings foarmje ynfierde rôfdieren lykas harmelingen en wylde katten, dy't de briedende wyfkes snippe en de aaien of piken fan 'e soarte opfrette. Op ûnbehearde plakken kinne de mislearre lechsels wol oprinne ta goed 90%, itjinge foar it grutste part taskreaun wurdt oan harmkes. As de populaasjes fan kjifdieren troch omstannichheden eksplodearret en letter wer ynsakket, siket it harmke nei alternative proaien en fral de wyfkes fan 'e ein rinne dan grut gefaar. Ek de tiid fan ferfearjen, as de einen harren weromlûke yn 'e lytse wetterkes en net fleane kinne, betsjut in grut ferlies foar it tal wyfkes. It hat bliken dien dat it nêstsukses folle heger wurdt as it tal rôfdieren ûnder kontrole holden wurde kin.

Dêrnjonken is der ek sprake fan biotoopferlies troch aktiviteiten van minsken en troch tafallige omstannichheden wat it waar of it miljeu oanbelanget.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Blue duck

  1. (in) del Hoyo, J., et al. (eds.). Handbook of the Birds of the World Alive. Lynx Edicions, Barcelona (oproppen fan https://www.hbw.com/node/52859 op 18 july 2019).
  2. Birdlife 13 july 2024