Beuningen (gemeente)
Beuningen | ||
Corneliustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Boargemaster | Daphne Bergman (D66) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 26.725 (1 jannewaris 2024) | |
Oerflak | 47,09 km² | |
Befolkingsticht. | 609 / km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A50 A73 N847 | |
Postkoade | 6550-6551, 6640-6642, 6644-6645 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 51' NB, 5° 45' EL | |
Gemeentehûs fan Beuningen | ||
Lizzing fan de gemeente Beuningen | ||
Offisjele webside | ||
www.beuningen.nl | ||
Kaart | ||
Beuningen is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De gemeente hat 26.725 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 47,09 km². Yn de haadkearn Beuningen sels wenje 17.365 minsken. Oare kearnen yn de gemeente binne fan west nei east Winssen, Ewijk en Weurt.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente leit yn it Ryk fan Nimwegen en grinzget yn it noarden oan de rivier de Waal en yn it easten oan de gemeente Nimwegen. De A73 fan Nimwegen nei Roermond rint yn it suden fan de gemeente en de A50 rint dwers troch de gemeente fan noard nei súd westlik fan de haadkearn. De gemeente is part fan de Stedsregio Arnhim-Nimwegen.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út fjouwer offisjele kearnen:
Plakken | Ynwenners (2021)[1] |
---|---|
Beuningen | 17.365 |
Ewijk | 4.140 |
Weurt | 2.490 |
Winssen | 2.160 |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan Beuningen wie al bewenne yn de Romeinske tiid. Der binne troch opgravings oerbliuwsels út dy snuorje wei fûn. Yn de fyftjinde iuw stie der in lyts kastiel: de Blanckenburgh. It waard nei alle gedachten troch prins Maurits fan Oranje ferwoastge yn de Tachtichjierrige Kriich. Oant om 1900 hinne wie beuningen in earm boerdoarp, dat gauris troch oerstreamings troffen waard. Der wiene lykwols al in nustje gegoede famyljes, almeast rike heareboeren dy't de heechste belestings yn 'e omkriten betellen. Op 1 jannewaris 1818 anneksearre Beuningen de gemeente Weurt, dy't eastlik lei en op 1 july 1980 waard de gemeente Ewijk anneksearre, dy't westlik lei.
Hjoed-de-dei is Beuningen winliken in foarstêd en forinzegemeente fan Nimwegen mei in soad nijbou.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Beuningske uterwaarde oan de Waal
-
Alde toer fan Ewijk
-
Skipfeart op de Waal by Ewijk
-
Weurt
-
Midsiuwske tsjerketoer fan Winssen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beuningen, Gelderland fan Wikimedia Commons. |
Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |