Basilyk fan de H.H. Agata en Barbara (Oudenbosch)
Basilyk fan de H.H. Agata en Barbara | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Brabân | |
plak | Oudenbosch | |
adres | Markt 57 | |
koördinaten | 51° 35' N 4° 31' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Breda | |
patroanhillige | Sint-Agata, Sint-Barbara | |
status | basilica minor | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | P.J.H. Cuypers, G.J. van Swaay | |
boujier | 1867-1880 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31938 | |
Webside | ||
basiliekoudenbosch.com | ||
Kaart | ||
De Basilyk fan de H.H. Agata en Barbara is in roomske tsjerke yn Oudenbosch, Noard-Brabân. De tsjerke waard tusken 1867 en 1880 ta oantinken fan 'e pauslike Soeaven boud en krige yn 1912 de pauslike status fan basilica minor. De arsjitekten Pierre Cuypers en Gerardus van Swaay bouden mei de tsjerke in lytse replika fan de Romeinske Sint-Pitersbasilyk, dy't skûl giet efter it front fan de Sint-Jan fan Lateranen. Alle jierren bringe tsjientûzenen toeristen in besite oan 'e tsjerke.
Replika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Net allinne it eksterieur hat in soad fan 'e Sint-Piter yn Rome, mar ek yn it ynterieur is der fan alles kopiearre. In soad stânbylden binne replika's út de 17e iuwske Sint-Piter. Sadwaande binne de hilligen fan foar de 17e iuw swier fertsjintwurdige. De pietà fan Michelangelo is neimakke yn moarmere gips en it baldakyn boppe it alter is in kopy fan Bernini's baldakyn. Under de lytse koepels binne sels stikken út de Sikstynske kapel oanbrocht. De oerienkomsten van de tsjerke fan Oudenbosch mei de Romeinske Sint-Piter hâlde net op by de arsjitektuer: as by in konklaaf in nije paus keazen wurdt, komt ek út de skoarstien fan de Agata en Barbaratsjerke wite reek.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basilyk is wijd oan de hilligen Agata en Barbara. Ear't de basilyk boud waard hie Oudenbosch in tsjerke dy't allinne oan Agata wijd wie. Sint-Agata wie ien fan 'e earste hilligen fan 'e Tsjerke, ien fan de sân primêre hilligen. By har byld wurdt fakentiden in kears oanstutsen troch froulju mei boarstkanker of minsken mei brânwûnen. De hillige Barbara waard tafoege oan 'e namme fan de tsjerke doe't de basilyk boud waard. Ek hja jildt as ien fan 'e iere hilligen fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Njonken Jezus en de Jongfaam Marije hawwe de twa hilligen in prominint plak yn 'e basilyk.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boupastoar fan 'e basilyk wie Willem Hellemons. Hy joech opdracht om de âlde goatyske tsjerke fan Oudenbosch te ferfangen. Hellemons hie yn Rome studearre en de tsjerklike arsjitektuer dêr hie grutte yndruk op him makke. Hy liet de basilyk ta neitins oan 'e pauslike Soeaven bouwe. Op it plein foar de tsjerke stiet in stânbyld foar de soeaven, dy't stoaren by de ferdigening fan de Tsjerklike Steat. Alhoewol't de pastoar net folle op hie mei de gotyk en de neogotyk, wie it P.J.H. Cuypers, dè arsjitekt fan de neogotyk, dy't de opdracht krige om de nije tsjerke te bouwen. Foar dat doel besocht Cuypers Rome om dêr fral de Sint-Piter te bestudearjen. De koepel naam Cuypers oer fan de Sint-Piter, mar it letter oanboude skip en de foargevel binne dy fan 'e Romeinske Sint-Jan fan Lateranen.
Om't nearne de hân fan Cuypers yn de basilyk werom te finen is, wurdt der wolris twifele oft er de tsjerke wol echt ûntwurpen hat. Ferskate dokuminten, wêrûnder boutekenings, drage lykwols syn hantekening. De basilyk foarmet dan ek in frjemd elemint yn it wurk fan de arsjitekt om't sawol de útfiering as de styl tsjin syn eigen foarkar yngyngen. Wat styl oanbelanget hinget de arsjitektuer oer nei it neoklassisisme, in styl dêr't Cuypers neat fan ha moast. Dat jildt ek foar de ynrjochting, dêr't in soad moarmere hout waard tapast. Allinne de foargevel dêr't de Sint-Jan fan Lateranen model foar stie is net troch Cuypers ûntwurpen. Dy waard earst yn 1892 oanboud neffens in ûntwerp fan Van Swaay.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur is ryk dekorearre mei fresko's en bylden. Yn it rjochter sydskip stiet in lytse kopy fan de Pietà fan Michelangelo. De ingels mei lauwerkrâns en palmtûke boppe de bôgen fan 'e basilyk ferwize nei Iepenbierings 3:5. Oan 'e pylders fan de tsjerke steane de bylden fan de tolve apostels. Under de bylden binne nissen ynbrocht mei dêryn reliken fan de apostels.
De haadkoepel hat in trochsnit fan 22,5 meter en is 63 meter heech. Oan 'e rjochterkant yn 'e tsjerke is yn ien fan 'e grutte pylders in doar, dy't nei de koepel en de krypte ûnder de basilyk liedt. Tsjin in lytse fergoeding kinne de achter in balustrade yn 'e koepel oanbrochte muorreskilderings better besjoen wurde. Under de koepel stiet in tekst yn it Latyn: TV ES PETRVS ET SVPER HANC PETRAM (Ik sil dy de kaaien fan it Himelske Ryk jaan; Mattéus 16:18). De grutte koepel wurdt droegen troch fjouwer grutte pylders en flankearre troch fjouwer lytsere koepels.
Under de koepel stiet it alter út 1903, in kopy fan Bernini's alter yn Rome. Dêr achter stiet it doopfont. Yn 'e apsis is boppe it tabernakel fan it heechalter yn in krâns fan wolken, ingels en stralen in brânskildere raam mei in do oanbrocht. De do stiet symboal foar de Hillige Geast. It tabernakel wurdt flankearre mei grutte bylden fan de tsjerkfaars. De bylden fan Tomas fan Akwino en Bonaventura yn 'e rjochter nis resp. lofter nis binne fan de Flaamske keunstner Frans De Vriendt.
Krúswei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúswei bestiet út 14 metersgrutte skilderijen. By de earste staasje oerhearskje ljochte kleuren, dy't nei de lêste staasjes jimmeroan donkerder wurde.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klokken fan 'e âlde tsjerke waarden by de bou fan de nije tsjerke oernommen, mar ferdwûnen yn de Twadde Wrâldkriich yn 1943, doe't de Dútske besetting de klokken foardere om se fanwegen it materiaal om te ranen. Nei de kriich binne der nije klokke getten troch Petit & Fritsen út Aarle-Rixtel. Doe't it Elisabetsikenhûs yn Oudenbosch sletten waard, ferhuze de kapelklok nei de basilyk en waard dêr as angelusklok ophongen. Yn 2015 waarden de klokken oanfolle mei liedklokken fan 'e ôfstjitten katolike tsjerke fan Standdaarbuiten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1772 troch Christian Ludwig König út Keulen boud foar de doe noch herfoarme Agatatsjerke. Op 3 augustus 1773 waard it ynstrumint yn gebrûk nommen. By de foltôging fan 'e nije tsjerke boude de firma Stevens yn 1883 in nij oargel, dat op in 16e-iuwsk ynstrumint yn 'e Sakramintskapel fan de Romeinske Sint-Piter ynspirearre is. Yn 'e nijbou waard it âlde König-ynstrumint yntegrearre.
Yn 1941 boude de firma Jos Vermeulen út Alkmar/Weart mei behâld fan âlde pipen en in besteande wynfoarsjenning in nij ynstrumint; it âlde oargelfront bleau dêrby bewarre. It is útrisd mei it wapen fan paus Pius X en twa ingels.
Yn 'e rin fan de tiid die bliken dat de ferbouwing fan it oargel net goed útpakte en sûnt 1975 ûnstiene der plannen om it oargel wer te restaurearjen. De firma L. Verschueren út Heythuysen bouden yn 1987-1990 it oargel yn 'e besteande oargelkas op 'e nij. It haadwurk waard yn 'e styl fan König wer yn oarder makke, foar it boppewurk waard it 19e iuwske piipwurk fan Stevens brûkt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stifting ta behâld fan de Basilyk
- Stifting promoasje Basilyk Oudenbosch
- Skiednis en disposysje oargel op de side Kerk en Orgel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Basiliek van de H.H. Agatha en Barbara
|