Springe nei ynhâld

Basilyk fan Konstantyn

Ut Wikipedy
Konstantynbasilyk
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
adres Konstantinplatz
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier 3e iuw
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Protestantske gemeente Trier
Kaart
Basilyk fan Konstantyn (Rynlân-Palts)
Basilyk fan Konstantyn

De Basilika fan Konstantyn (Dútsk: Konstantinbasilika) is in fan oarsprong Romeinsk bouwurk yn 'e Dútske stêd Trier.

De âldste tsjerke fan Dútslân is de dom fan Trier, mar de Konstantynbasilyk is it âldste gebou fan Dútslân dat as tsjerke brûkt wurdt. It is de grutste noch yntakte oerdekte romte út de Romeinske tiid en de basilika is grutter as it Panteon yn Rome.

De Konstantynbasilyk makket sûnt 1986 ûnderdiel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.

Skaalmodel fan de Aula Palatina (Rheinisches Landesmuseum Trier)

De fan bakstien boude tsjerke waard nei alle gedachten om 310 hinne ûnder it regear fan keizer Konstantyn de Grutte as audiïnsjeseal (Aula Palatina) fan it keizerlike paleis boud. Fan it Romeinske bouwurk, dêr't ek noch ferskillende oare gebouwen oan boud wiene, binne de apsis, de westlike muorre en dielen fan 'e súdlike muorre bewarre bleaun. Dy muorren rêste op in 4 meter breed en 4-6 meter djip fûnemint fan Romeinsk getten beton (opus caementitium). De muorren binne 2,7 meter oant 3,4 meter dik. Fragminten fan Romeinsk stúkwurk binne bûten oan 'e apsis en yn de finsternissen fan de westlike muorre bewarre bleaun. Under de flier lizze noch resten fan âldere Romeinske bouwurken.

De oantsjutting fan it bouwurk as 'basilika' komt fan de lokale histoarikus Johannes Steiner út de 19e iuw, dy't de oantsjutting ûntliende oan in let-antike lofrede op keizer Konstantyn. De namme is fanút hjoeddeisk perspektyf net passend, om't de boufoarm net basikaal is mar mei de sealtsjerke oerienkomt. Ek de katolike earetitel basilyk is net fan tapassing, want it gebou hat nea in roomske tsjerke west.

De basilyk as ûnderdiel fan it slot (1745-1750)

Yn 'e iere midsiuwen waard de útbaarne ruïne fan de Aula Palatina yn gebrûk nommen troch de Trierske biskoppen. Dy ferbouden it gebou as in kastieleftich gebou. Yn 1614 waarden de súdlike en de eastlike muorre ôfbrutsen en de rest yntegrearre yn de nije biskopsresidinsje, it karfoarstelik paleis.

Letter joech Freark Willem IV fan Prusen opdracht om it gebou tusken 1844-1856 werom te bringen yn 'e oarspronklike steat. Dat fûn plak ûnder lieding fan de arsjitekt Carl Schnitzler. Nei de restauraasje waard it gebou foar altiten oerdroegen oan 'e evanglysk-lutherske gemeente, dy't it sûnt as tsjerke brûkt. Op 14 augustus 1944 baarnde de basilika troch in Amerikaanske loftoanfal folslein út. De weropbou fûn plak yn 'e jierren 1950. It ûntwerp fan it ynterieur waard werombrocht ta de stiennen bûtenmuorren en in houten kassetteplafond.

Oersjoch ynterieur

It ynterieur fan 'e tsjerke is sûnt de restauraasje nei de oarloch tige ienfâldich bleaun.

De kânsel yn it koer fan 'e tsjerke is fersierd mei mozaïeken fan Eugen Keller dy't de Arke fan Noach, de Ferkungiging, fan de Ingels oan 'e Hoeders en it Pinksterwûnder mei de Utstoarting fan 'e Hillige Geast yn 'e foarm fan fjoertongen foarstelle.

Krús yn 'e doopkapel

By de yngong is oan 'e súdlike kant de doopkapel, dy't troch in djippere flier en stiennen banken ôfgrinzge wurdt fan 'e rest fan 'e tsjerke. De flier dêr is lein mei in kombinaasje fan glês en laai. De koperen doopskaal wurdt droegen troch in Romeinsk kapiteel. De 2,5 meter hege mei reliëfs fersierde stander foar de Peaskekears is makke troch de byldhouwer Arnold Rickerts (1889-1974).

By de restauraasje waard der foar keazen om de 19e-iuwske net te rekonstruearjen. Gustav Kaupert hie yn 'e jierren 1870-1880 foar it koer fiif grutte bylden makke fan Jezus en de fjouwer evangelisten. Fan de ferneatige bylden binne de koppen restaurearre en yn 2006 yn it ramt fan it 150-jierrich jubileum oan 'e eastlike muorre fan 'e tsjerke opsteld. [1]

Oant en mei de Twadde Wrâldoarloch hie de tsjerke in oargel út 1856 fan de bruorren Ibach, dat 40 registers op trije manualen en pedaal besiet.

Nei de weropbou krige de tsjerke fan Karl Schuke in nij koeroargel, dat yn in nis fan 'e eastlike muorre boud waard. It hat 30 registers op twa manualen en pedaal mei in neobarokke disposysje.

Sûnt 2014 hat de tsjerke ek wer in haadoargel, dat troch de oargelboufirma Eule út Bautzen boud waard. It oargel hinget oan de súdlike muorre fan 'e tsjerke en is yn trije dielen yn 'e finsters ynboud. It nije oargel is mei 87 registers en mear as 6000 pipen op fjouwer manualen en pedaal it grutste oargel fan 'e stêd Trier.

De tsjerke hat gjin eigen klokketoer. Sûnt 1968 hingje seis klokken yn 'e saneamde Reade Toer (Rote Turm), in eartiidsk argyfgebou fan it bisdom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Konstantinbasilika