Springe nei ynhâld

Barrahûs

Ut Wikipedy
Museumpleats Ald Barrahûs

Barrahûs of Barhûs wie in aadlik hûs fan de Aylva's dat benoardwesten Wurdum en deun ûnder Goutum stie. De stins waard yn alle gefallen foar 1481 boud. Op it stee waard yn de 15e iuw faak de lândei fan Eastergoa holden.
Yn de omkriten fan Wurdum stiene eartiids noch seis stinzen.

Der moat ûnderskied makke wurde tusken Barhûs, dêr't it binhûs mei in gevel út de 18e iuw fan oer is en dêr't de bedriuwsgebouwen fan fanwege de oanlis fan it spoar Ljouwert-Swol ôfbrutsen binne, en de nije pleats Barrahûs, Brédyk 28, dy't no Museumpleats Ald Barrahûs is. Flakby Barrahûs is ek de Barhûstersyl, in âlde syl yn de Middelseedyk fan Eastergoa. Letter waard dat in binnensyl foar de ôfwettering fan it Nijlân.

It binhûs fan 'e âlde pleats op Barrahûs yn 1970.

De oarsprong fan de namme Barrahûs is net wis. De earste fernijings binne fan 1360, doe't skreaun waard oer Bergher huse, en 1348 mei Bergera Stenhuse. Der stie ek wier in stiennen hûs op dat plak: it kleaster fan Burgum, it Barrakonvint, hie der in foarwurk mei fersterke hûs. De namme soe dan komme kinne fan dy fan it konvint, wat op himsels wer fan de namme Burgum komt.

Oan de pleats Ald-Barhûs by de eardere spoaroergong is in rôverssêge ferbûn oer it soldaatsje fan Barrahûs: In as frou ferklaaide rôverhaadman wurdt ûntmaskere troch de smjunt in apel yn de skoat te smiten. Der stiet it byldsje foar de pleats fan in soldaat, dat keppele is oan de sêge: Yn it ferhaal hat de soldaat holpen om de út harren mûklaach kommende bendeleden ûnskealik te meitsjen. It unifoarm fan it byldsje is dat fan it keizerlik ynfantery-rezjimint fan de keurfoarst fan Beieren (1741-1745). Oft it byldsje wier in ferbân hat mei de sêge, en wêrtroch de sêge oan dat stee keppele is, bliuwt lykwols tsjuster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Barrahuis.
  • www.stinseninfriesland.nl