Bad Bertrich
Bad Bertrich | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
ferbânsgemeente | Ulmen | |
Gemeente-yndieling | 2 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.038 (2023) | |
Oerflak | 8,71 km² | |
Hichte | 150 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56864 | |
Koördinaten | 50° 4'N 7° 2'E | |
Offisjele webside | ||
www.bad-bertrich.de | ||
Kaart | ||
Bad Bertrich is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Bad Bertrich leit yn 'e Fulkaaneifel en makket diel út fan 'e lânkring Cochem-Zell.
De gemeente Bad Bertrich bestiet út de twa Ortsteilen Bad Bertrich mei de buorskippen Marienhöhe en Sonnenhof en Kennfus mei de buorskip Lucienhof.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bad Bertrich is ien fan 'e 16 saneamde Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Ulmen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e tiid fan 'e Romeinske keizers Falentinianus II en Gratianus waarden yn Bertriacum moaie badhûzen boud. De earste dokumintêre fermelding fan it plak wie yn 1097 yn in besitsdokumint fan aartsbiskop Egilbert fan Trier. Yn 1476 waard it plak in kuerplak fan Kar-Trier. De lêste karfoarst fan Trier, Klemens Wenzeslaus fan Saksen, liet hjir tusken 1785 en 1787 in karfoarstelik paleiske bouwe en brûkte dat as simmer- en jachtslot. Sûnt 1794 sloegen de Frânsen yn Bad Bertrich foar master op. Yn 1815 waard Bad Bertrich op it Kongres fan Wenen oan it Keninkryk Prusen tawiisd en Prusysk besit.
Op 1 jannewaris 1975 waard de oant dan selsstannige gemeente Kennfus by de gemeente Bad Bertrich yndield.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De protestantske Filip Melanchtontsjerke.
- De roomske Sint-Petrustsjerke.
- It karfoarstelik slot mei bygebouwen.
- De yn 1910 foltôge 14 m hege útsjochtoer (500 m eastlik fan it doarp op de Hohelay).
- De jitizeren Hohenzollerntoer op 'e noardeastlik lizzende Krahlberg.
- De Fulkaaneifel-termen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Protestantske tsjerke.
-
Slot.
-
Marijetsjerke (Kennfus).
-
Parkhotel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder de:Bad Bertrich.
|