Aurelius Fiktor
Sekstus Aurelius Fiktor (sa 320 - † 390) wie in Romeinske politikus en skiedskriuwer. Hy is de skriuwer fan in oantal lytse wurken dy't geane oer de keizers fan Rome en dy't publisearre binne ûnder de namme Skiednis fan Rome. Hy jout yn syn wurken koarte libbensbeskriuwingen en besiket de dieden fan de keizers en harren karakters yn ûnderling ferbân te behanneljen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiktor wie nei alle gedachten ôfkomstich út de Romeinske provinsje Afrika en fan ienfâldige komôf, alhoewol't hy wol in goede oplieding hân hie. Hy gong yn 337 nei Rome om dêr rjochten te studearjen. Under keizer Julianus makke hy opgong as gûverneur fan Pannoanje. Hy wie krekt as dizze keizer gjin kristen en hearde ta syn fermidden fan fertroulingen.
Yn 363 waard hy konsul en makke diel út fan de senaat yn Rome. Nei de dea fan Julianus soe Fiktor as net-kristen út de geunst reitsje fan de kristlike keizers en ferlear dêrby syn amten. Wat dêrnei mei him barde is neat oer bekend. Lykwols dûkelt hy in fearns iuw letter wer op as keizer Teodoasius de Grutte him beneamt as praefectus urbanus fan Rome yn 388. It jier dêrnei is hy ferstoarn.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Origo Gentis Romanae
- De Viris Illustribus Romae
- De Caesaribus
- De Vita et Moribus Imperatorum Romanorum excerpta ex Libris Sex. Aur.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.W. Bird, Sextus Aurelius Victor. A Historiographical Study, Liverpool, 1984.