Ataulf
Ataulf ek Atawulf wat 'nommele wolf' betsjut (omtrint 370 - † Barseloana, 15 augustus 415) wie kening fan de Fisigoaten tusken 410-415. Under him ferlieten de Fisigoaten Itaalje, holden in skoft ta yn it suden fan Galje en arrivearren dêrnei yn Noard-Spanje. Hy troude mei Gallia Placidia dy't as gizeler by him ferbleau.
Keningskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By gebrek oan erfgenamten waard de ferstoarne Alarik troch syn sweager Ataulf opfolge. Fanwege tekoart oan iten oan de kust fan de Tyrreenske See late er it folk yn 411 fierder troch Itaalje, de Alpen oer, nei Galje, wêrby de trochgongsgebieten, sa rapportearre troch Jordanes, de yndruk joegen, troch in sprinkhoannepleach rekke te wêzen.
Yn Galje arrivearre, trêde Ataulf yn ûnderhanneling mei de Romeinske keizer Honoarius. De ûnder de plondering fan Rome meisleepte suster fan de keizer, Galla Placidia, tsjinne dêrby as ruilmiddel. Der kaam in oerienkomst, wêrnei de Fisigoaten koarn en lân yn Galje tasein waard, mei as tsjinprestaasje Galla Placidia frij te litten en tsjin de usurpator Jovinus te fjochtsjen. Ataulf belegere dêrnei Jovinus yn Valentia, naam him finzen en levere him út oan de praefectus praetorio fan Honorius. Mar de oerienkomst waard net folslein neilibbe omdat Ataulf wegere Galla Placidia werom te stjoeren. De keizer hâlde it strienedige nôt tsjin, sadat de Fisigoaten twongen waarden yn Súd-Galje te bliuwen. Nettsjinsteande it feit dat Ataulf ferwûne rekke wie by it belis fan Massilia, waarden de stêden Narbo, Tolosa en Burdigala ferovere.
Yn 414 boasket Ataulf mei Gallia Placidia en laat de Goaten nei Tarraconensis (Noard-Spanje). Galla joech him yn 415 in soan dy't lykwols al nei in moanne ferstoar. Koart dêrop waard Ataulf yn Barselona ombrocht troch in wraaksuchtige feint en opfolge troch de Goat Sigerik. Dy luts de macht oan him sûnder it beslút fan de Ding, de gearkomst fan legerlieders ôf te wachtsjen. Sigerik hie net langer as in wike alle macht, mar liet in spoar fan bloed efter. Ek alle bern fan Ataulf út in earder houlik waarden troch him fermoarde.
De Spaanske skriuwer Orosius hat in goede beskriuwing fan Ataulf neilitten. Earst woe der alles wat Romeinsk wie út de wei romje, mar al gau hie der troch dat syn eigen folk te banneleas en min ûntwikkele wie om de Romeinen te ferfangen. [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Primêre boarnen:
Fuotnoat:
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ataúlfo fan Wikimedia Commons. |