Springe nei ynhâld

Antananarivo (stêd)

Ut Wikipedy
Antananarivo
Binnenstêd fan Antananarivo, mei de Anosymar
Binnenstêd fan Antananarivo, mei de Anosymar
Bestjoer
Lân Madagaskar
Provinsje Antananarivo
Boargemaster is striderij oer
Sifers
Ynwennertal ± 903,450(2001)
Oerflak km²
Befolkingsticht. ± 10.266/ km²
Stêdekloft ± 1.403.449
Hichte 1276 m
Oar
Stifting 1625
Tiidsône East African Time (GMT+3)
Koördinaten
Offisjele webside
Antananarivo Renivohitra
offisjele webside. (fr)

Antananarivo (Frânsk: Tananarive) is de haadstêd fan de provinsje Antananarivo en teffens de haadstêd fan Madagaskar. De ynkoarte namme fan de stêd is "Tana".

Antananarivo waard om 1625 hinne fanwege kening Andrianjaka stifte. De namme betsjut "stêd fan tûzen minsken", fanwege it tal soldaten dat de stêd beweitsje moast.

Yn 1894 waard it keninkryk Madagaskar in Frânske koloanje. De kolonisten besleaten de haadstêd Antananarivo Tananarive te dopen, neffens de Malagassyske gewoante om de earste en lêste wurdlid fan plaknammen net te sizzen. Oant 1960, it jier dat Madagaskar ûnôfhinklik waard fan Frankryk, wie de offisjele skriuwwize dan ek Tananarive. Dêrnei waard de âlde namme wer yn eare oannaam.

Antananarivo leit op in lytse 1300 meter hichte op in fan bergen omjûn plato.

Hoewol't de stêd yn de tropen leit, is de trochsneed deitemperatuer fanwegen de hege lizzing 15 graden yn de winter en simmers 22 graden. Nachtfroast is seldsum winterdeis, mar komt wol foar. Temperaturen fan 30 graden en heger binne seldsum yn de simmer.