Andrew Gronholdt
Andrew Gronholdt | ||
Gronholdt mei in chxuusi-x yn 'e hân, in tradisjonele houtene Aleoetyske wetterpomp. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andrew Gronholdt | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 augustus 1915 | |
berteplak | Sand Point (Alaska) | |
stoarn | 13 maart 1998 | |
stjerplak | Edmonds (Washington) | |
etnisiteit | Aleoetysk Deensk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | boatebouwer | |
aktyf as | tradisjoneel houtbewurker | |
jierren aktyf | ±1930 – 1998 | |
offisjele webside | ||
www.andrewgronholdt.com |
Andrew Gronholdt (Sand Point (Alaska), 26 augustus 1915 – Edmonds (Washington), 13 maart 1998) wie in Amerikaansk boatebouwer en tradisjoneel houtbewurker fan mingd Aleoetysk-Deensk etnysk komôf. Hy is yn Alaska ferneamd om't er de tradisjonele foarmen fan houtbewurking fan 'e Aleoeten nij libben ynblaasd hat. Yn 2012 waarden syn deiboek, oantekenings en houtbewurkingsdiagrammen postúm útjûn ûnder de titel Chagudax: A Small Window into the Life of an Aleut Bentwood Hat Carver.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gronholdt waard yn 1915 berne yn it doarp Sand Point, op it eilân Popof, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Shumagineilannen, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska. Hy wie de soan fan Niels Peter Gronholdt, in Deen dy't oarspronklik ôfkomstich wie út Kerteminde, en Anna Dushkin, in etnysk Aleoetyske frou út it doarp Belkofski, op it Alaska-skiereilân. Gronholdt gie earst nei skoalle yn Belkofski, en letter yn Sand Point. Hoewol't er formeel nea fierder learde as it leger ûnderwiis, soed er syn libben lang trochgean mei it him eigen meitsjen fan nije dingen. Ut syn postúm publisearre deiboek docht bliken dat it gesin Gronholdt it yn syn jonkheid neat te rom hie. Yn 'e 1920-er jierren kamen se op it ôfhandige eilân Dolgoi sels in kear hast letterlik on fan 'e honger.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan syn jongestiid ôf wie Andrew Gronholdt wurksum as houtbewurker en bouwer fan houtene boaten. Letter makke er ek chxuusi-x (útspr.: ['ʧxu:six], likernôch: "tsjchûûsych"), dat tradisjonele Aleoetyske hânmakke houtene wetterpompen wiene, dy't brûkt waarden om wetter út Aleoetyske kajaks te eazjen. Gronholdt hie in grut fertrouwen yn 'e befoarderlike kwaliteiten fan 'e partisipaasje fan 'e gewoane Aleoetyske befolking yn har eigen bestjoer. Sadwaande tsjinne er fan 1972 oant 1974 as lid fan 'e ried fan tafersjoch fan 'e Shumaginkorporaasje en fan 1977 oant 1998 as lid fan 'e ried fan tafersjoch fan 'e Aleoetyske Korporaasje.
Yn 1985 begûn Gronholdt ûndersyk te dwaan nei de chaĝuda-x, de ryklik fersierde tutefoarmige houtene huodden dy't Aleoetyske manlju fan âlds by de jacht en yn 'e oarloch droegen. De namme chaĝuda-x (útspr.: [ʧa'ɣudax], likernôch: "tsjagûdach" mei de g fan 'bûge') is in no argaysk Aleoetysk wurd dat "jachtfizier" betsjut. Op basis fan 'e yngewikkelde ûntwerpen dy't syn foarâlden foar sokke huodden brûkten, snie Gronholdt stikken hout yn tinne plankjes, dy't er troch se mei gleonhjitte steam te behanneljen oer mallen hinne bûgde om 'e komplekse foarmen fan 'e âlde bûgd-houtene huodden te belykjen.
Gronholdt leaude dat de makkelei fan chaĝuda-x in wichtich ûnderdiel wie fan 'e oerâlde kultuer fan syn Aleoetyske foarâlden, en hy sette him dan ek út alle macht yn, net inkeld om dizze ferlern giene keunst nij libben yn te blazen, mar ek om syn opdiene kennis troch te jaan oan oaren. Dêrta joech Gronholdt les oan ferskate skoallen, wêrûnder dy yn Sand Point en Unalaska, en op spesjale simmerkampen foar de Aleoetyske jongerein, dêr't besocht waard en bring harren har eigen kultuer by. Gronholdt syn lessen en workshops sieten altyd grôtfol. Yn septimber 1989 waard Grondholdt boppedat keazen om as dosint oant it Alaska Native Art Center te fungearjen.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grondholdt troude op 21 jannewaris 1942 yn Unga mei Elisabeth Z. Rodgers, de dochter fan Frank Rodgers en Zenia Lois Larsen. Hja krigen ien bern, dat te wrâld kaam yn Seward.
Ferstjerren en postume publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andrew Gronholdt kaam op 13 maart 1998 yn 'e âlderdom fan 82 jier te ferstjerren yn Edmonds, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Hy waard njonken syn frou Elisabeth begroeven op it begraafplak Evergreen Washelli Memorial Park. Sûnt syn dea hawwe guon fan syn eardere studinten, wêrûnder Okalena Patricia Lekanoff-Gregory, syn wurk fuortset troch de kennis oer it meitsjen fan chaĝuda-x troch te jaan. De Aleoetyske Stifting rikt no in stúdzjebeurs út (de Andrew Grondholdt Scholarship Award) oan Aleoetyske learlingen dy't in keunstoplieding folgje wolle.
Yn jannewaris 2012 waarden Gronholdt syn foto's, deiboek, oantekenings en houtbewurkingsdiagrammen postúm útjûn ûnder de titel Chagudax: A Small Window into the Life of an Aleut Bentwood Hat Carver. Troch Gronholdt sels makke chaĝuda-x meitsje no ûnderdiel út fan 'e keunstkolleksjes fan 'e Ynternasjonale Lofthaven fan Anchorage, de Unalaska City School, de Shumaginkorporaasje en de Feriening fan 'e Aleoeten/Pribilofeilannen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |