Amaril
Appearance
Amaril is in fynkerrelich stiente (gearstald út korund, magnetyt, hematyt en kwarts) dat ûnder mear yn poeierfoarm brûkt wurdt foar it meitsjen fan skuorpapier, skuorlinnen, ynstruimateriaal ôfwurkflierren, polyst- en slypskiven. Ek wurdt it brûkt foar it meitsjen fan keunststienen, dy't as molestiennen brûkt wurde.
It mineraal wie al yn de Grykske âldheid bekend. De dichter Pindarus neamde it wetstien, en it wie bekend dat koper derop stikken gie. Amaril waard (en wurdt noch altiten) ûntgûn op de Grykske eilannen Naksos en Samos.